Kânsen foar mear natuerynklusyf buorkjen yn noardlik klaaigebiet
Resint ferskynd
Boeren op ’e Klaai yn Fryslân en Grinslân wolle oan mear natuerinklusive lânbou wurkje. Dat is te lêzen yn in mienskiplik aksjeplan dêr’t de doelen oant 2050 yn formulearre binne. De boaiem, as basis fan it boerebedriuw, is it útgongspunt. Wat gewaaksbeskermingsmiddels en keunstdong oanbelanget is der noch in protte foarútgong te boeken. Mei better gearwurkjen tusken bou- en feeboeren kinne feefoer en dong útwiksele wurde. Yn 2030 sil der 1200 kilometer oan blomrike sleatswâlen en bermen wêze foar mear bioferskaat en krije skoalbern foarljochting oer de produksje fan iten. Reinwetter wurdt opfongen, sadat der yn tiden fan drûchte genôch fan is en it fersâltsjen fan de boaiem tsjingien wurde kin. Streefbyld en aksjeplan binne ferline wike oan de lânboudeputearren Staghouwer fan Grinslân en Fokkinga fan Fryslân oanbean.

Krûderike bourâne oan de Grândyk by Holwert. Foto © Marcel van Kammen
Boeren sels oan it roer
In grut tal boerekollektiven hawwe mei-inoar in kearnteam foarme. Dat hat yn opdracht fan de beide provinsjes in streefbyld foar 2050 fêssteld. Yn it aksjeplan steane klimaatbestindige doelen om it bioferskaat werom te heljen, dat ek nochris in fertsjinmodel foar de boer opleveret. It kearnteam bliuwt oan en is belutsen by it útfieren fan de plannen. Dat makket dat de boeren sels oan it roer sitte by de oerstap nei mear natuerynklusyf en klimaatbestindich buorkjen. Deputearre Fokkinga spriek syn grutte wurdearring út foar wat de boeren mei-inoar berikke wolle.

Net-kearende grûndbewurking
Heechweardige poatertylt
De noardlike Klaaiskyl is ien fan de acht proeftúngebieten yn de Regiodeal Natuerynklusive lânbou, dêr’t de trije noardlike provinsjes yn gearwurkje oan in bettere natuerynklusive en klimaatbestindige lânbou. It gebiet is ien fan de belangrike lânbougebieten fan Europa. It ûnderskiedt him troch de heechweardige tylt fan poatierappels foar de ynternasjonale merk en is dêrmei belangryk foar de fiedselfoarsjenning yn parten fan de wrâld. It gebiet bestiet út in mingeling fan boubuorkerij en melkfeehâlderij.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje