Jild allinne makket net gelokkich
Resint ferskynd
Oertinking
Yn ús maatskippij stiet betelle wurk sintraal. Dat jout kleur oan de sin fan it bestean. Op de wurkflier wurde jins kennis en kunde keppele oan in sinfol dwaande wêzen. Oan wurk en in arbeidsoerienkomst ûntliene in protte minsken harren weardichheid. Materieel kinne se har mjitte oan oaren. Wurk jout oansjen en de mooglikheid om folweardich oan ús konsumpsjemaatskippij diel te nimmen.
Wolfeart wurdt benammen yn de reklame ferbûn oan materieel ferlet. Der wurdt in keapmentaliteit kreëarre dy’t ta de noarm laat dat je it ‘makke’ hawwe as je bygelyks merkklean drage of in lúkse auto hawwe. Soks kin allinne by in knap ynkommen.
By soks moat ik tinke oan Godfried Bomans, dy’t yn Erik of het klein insectenboek fertelt fan in jonge dy’t altyd al ris nei it lân Wollewei woe. Yn syn dream wurdt syn langst werklikheid. Erik ûntdekt dat yn de bistewrâld in soad enerzjy stutsen wurdt yn it krijen fan huning. Bomans ferliket dat mei de minskewrâld, dêr’t it faak om goud giet. Yn it deistich bestean giet it fakentiden sa bot om materiële wolfeart dat it wolwêzen yn ’e knipe komt.
De minske, ûngemurken beynfloede troch konsumpsjesdrift, lit him fan alles oanprate. Yn syn stribjen om derby te hearren wurdt er troch reklamemakkers foaral as saaklik objekt beskôge. Sa bedarje we yn in ekonomy dêr’t minsken hieltyd ûngelokkiger yn wurde (*1). De wurdearring foar wat in minske sels belibbet te wêzen is minder relevant en freget syn tol, want de wolfeart rint net gelyk op mei yntrinsyk sinbelibjen.
Us ôfstanneliker wurdende maatskippij hongeret om it samar te sizzen nei mear romte foar affeksje. It gefoel fan ‘sjoen te wurden’ en ‘der wêze te meien’ fersterket it gefoel fan eigenwearde en kin de minske jûn wurde troch in ekonomy dy’t befêstigjend gearlibjen fan belang achtet (*2). Op dy wize kin de ferfrjemding fan sinjouwing, as gefolch fan de aloan trochsjittende effektiviteit yn arbeid, betwongen wurde (*3).
Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch teolooch
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje