‘Jane Eyre’ yn it Frysk

febrewaris 12, 2021 12:10

Koartby is de Fryske oersetting ferskynd fan de 19de-iuwske klassiker Jane Eyre. It boek ferskynde yn 1847 en waard skreaun troch Charlotte Brontë ûnder it pseudonym Currer Bell. It boek is ferskate kearen ferfilme en is noch altyd tige lêsber. It is yn it Frysk oerset troch Jant van der Weg-Laverman.

Boarne: Evertype

Dizze klassike ‘coming-of-age’-roman ûndersiket de emoasjes en ûnderfiningen fan in jonge frou, fan har drege en ûngelokkige bernetiid, troch har groei nei folwoeksenens en har ûntdekking fan leafde foar de hear Rochester, de master fan Thornfield Hall. Yn it har eigen meitsjen fan de aksje – de fokus leit op ‘e stadige ûntjouwing fan de morele en geastlike gefoelichheid fan Jane en alle barrens wurde kleure troch in ferhege yntensiteit dy’t earder it domein fan poëzij wie – bringt Jane Eyre in radikale feroaring yn de keunst fan fiksje.

Charlotte Brontë is de “earste histoarikus fan it priveebewustwêzen” neamd en de literêre foarâlder fan skriuwers as Marcel Proust en James Joyce. De roman befettet eleminten fan sosjale krityk, mei yn ‘e kearn in sterk gefoel fan kristlike moraal, en wurdt troch in soad beskôge as syn tiid foarút te wêzen, sjoen it yndividualistyske karakter fan Jane en de ferkenning yn de roman fan klassisme, seksualiteit, religy en proto-feminisme.

Earste Frysktalige Jane Eyre, útjûn troch Evertype (Skotlân; ISBN 978-1-78201-275-7).

febrewaris 12, 2021 12:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe febrewaris 12, 19:45

    Moai, sa’n útjefte! Wilens skaft de Provinsje Fryslân
    stikem de Gysbert ôf. In aktrise, in proazaskriuwer en in wurdfierder fan in lanlike wurkjouwersorganisaasje foarmje fan ‘t jier de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis. Publikaasjes oer Fryske poëzy binne fan harren de lêste pak ‘m beet 15 jier net bekend, befleine belangstelling foar poëzy ek net. Fan net ien fan de trije. De Provinsje Fryslân is dwaande mei it stikem ôfskaffen fan literêre keunst. De Provinsje Fryslân skaft de facto de Gysbert Japicxpriis ôf en wol dy ferfange troch in priis foar leuke tekstkes op Instagram. In oare konklúzje is net mooglik. Ris sjen hoefolle dichters publyklik doarre te protestearjen. Ris sjen hoefolle politike partijen yn ‘e Steaten fragen stelle sille.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.