Jan Schokker: Keunstfûgels?

febrewaris 27, 2021 20:00

Kollum

Wat is it libben sûnder ambachtlike keunst? De skilders, de houtbewurkers, de bouwers, de byldhouwers en alle oare keunstners fan eardere generaasjes, de anonime ambachtslju dy’t ús safolle trefliks neilitten hawwe. Wat binne wy tsjintwurdich eins stumpers, ûnhandige dowen, simpele protters. Wêr is it misgien? Wy litte oan ús bern neat oars nei as bergen plestik en oare goedkeape rotsoai. Och, wat binne wy tûk as de kompjûter it goed docht. Geniaal sa as wy bysûnder komplekse masinen bouwe dy’t miljoenen chips produsearje foar inkeld in pear yen it stik. Alles kin tsjintwurdich, in drone in healoere fleane litte op Mars, en dan leit er dêr as skroat foar pampus oant yn it ûneinige. Wat is ivige wearde noch hjoed-de-dei? Arsjitekten ha inkeld in palet mei rjochte linen en wat grize flakken. In nij gebou sil nea histoaryske wearde krije, slochtwei om’t der totaal gjin ambachtlike siel yn, oan en achter sit. Gjin drip swit deryn, allinne de besmetlike firussen fan stress en frjemde flearmûzen.

Kopiearje is de nije kreativiteit. Karakter keapje wy yn in webshop.

Sa, dat ferrommet.

No wol ik earst werom it ferline yn, nei keunstners dy’t noch in aardich poadium ha. It wurk fan in betûft houtsnijwurker komt net sa yn ’e belangstelling as dat fan al dy âlde skilders dy’t in goede namme ha. Der is op NPO 2 in tige nijsgjirrich programma oer de skilderkeunst. Se dûke dan yn it wurk fan sa’n renommearre skilder en filearje syn skilderijen: de wize fan wurkjen, it materiaal, syn libben, de omjouwing, de hiele famylje. En se skilderje in bysûnder wurkstik nei! Kopiearje, jawis, mar dan wol hielendal op de âlderwetsk ambachtlike toer, de poepetoer dus. It skildersdoek of it houten paniel is safolle mooglik lyk oan it orizjineel en dat is dan fansels ek sa mei de ferve en it fernis. Yn Delft is der noch sa’n moaie deeglike winkel dy’t de orizjinele grûnstoffen op foarried hat. Sels de bepalende kleuren mei de swiere metalen. Yn in eardere ôflevering fan it programma die bliken dat Jan Sluijters foar in typysk griene kleur it geweldich giftich arsenikum brûkte. Dus dat ha se no foar de replika ek tapast, ûnder ekstreme ôfskerme omstannichheden, dat dan wol. Yn it Melkmeisje fan Vermeer ha se de giele kleur fan de oerstrûper fan de faam analysearre. It pigmint dêr’t Vermeer graach mei wurke ferkrige er troch tin en lead te smelten. Machtich nijsgjirrich fyn ik soks. Dêr tinkt men net oer nei as men in potsje giele ferve by de Gamma hellet.

Myn heldin yn dat programma is Lisa Wiersma, se is fan Fryske komôf. In jongfaam mei in âlde siel, liket it wol. It is krekt wat myn wurdboek seit: jongfammen en âld porslein binne nuodlik. Of ha wy it noch wol yn ús om masterwurken te meitsjen, mar ûntbrekt it ús gewoanwei oan ambysje, oan tiid, oan ynspiraasje of it fjoer om sokke keunsten te etalearjen?

Foar it programma nimt Lisa dus de útdaging oan om sa’n ferneamd masterwurk nei te skilderjen. Se hoecht it net allinne te dwaan, dat wol sizze, it skilderjen sels wol, mar se hat spesjalisten om har hinne dy’t soargje foar de krekte kondysjes.

Fan ’e wike hie Lisa in opdracht om De toer fan Babel nei te meitsjen. In ûnbidich bewurklik skilderwurk fan Bruegel út 1560. It wurk hat in kristlike ynslach en wierskynlik ek in politike lading, mar boppe-al jout it in goed ynsicht yn de boutechniken fan eartiids. Safolle details dy’t nijsgjirrich binne: it lânskip om de toer hinne, de takels mei trêdmûne, de tûzenen popkes op de toer mei elk in eigen ferhaal en funksje dy’t stik foar stik skildere wurde moatte. Fan in keunstner dy’t op sa’n ambachtlike wize in masterlik wurk kreëarret, kin ik sûnder ophâlden sa fan genietsje!

Yn it reklamewurk dêr’t ik jierren yn wurke ha is it ambacht ek oernommen troch plotters, kompjûters en printers. Dan mis ik de dagen dat ik mei it pinsiel letters op in boerd of in doar sette.

Ja, Lisa ynspirearret. Ik ha my opjûn foar in kursus skilderjen en tekenjen op It Hearrenfean. Earst noch efkes wachtsje oant wy dat firuske yn ’e fingers hawwe.

 

 

 

febrewaris 27, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.