It Dockumer Lokaeltsje wint Bernlefpriis 2020

febrewaris 22, 2021 08:18

De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. Dy priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. Fritz de Jong koe net oanwêzich wêze by it oerlangjen fan de priis.

Foto: pixabay.com

De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. Oare nominearre kandidaten wiene it krossoverprogramma fan Liet, it duo Weima en Van der Werf en it ensemble Piiptsjilling.

Eigensinnich en ynventyf
De sjuery skreau yn it sjueryrapport oer de band: “Weinig bands die zo eigenzinnig en stoïcijns hun eigen pad kiezen. Al meer dan 30 jaar zijn Peter Sijbenga, Fritz de Jong en Sytse van Essen de architect van haar eigen muzikale universum.

De band brocht ferline jier in yntegraal oersette ferzje út fan de DAF-klassiker ‘Alles ist gut’. Op de Friese Lenteweek spilen se yn in jûn-oan-jûn-maraton harren hiele oeuvre.

It jout noch mar ris oan dat de band fernimstich is en iepen stiet foar ludike inisjativen. It trio bewiist dêrmei noch altyd wûnderlik relevant te wêzen: dwers, humoristysk en ynnovatyf. It Dockumer Lokaeltsje wit him mei syn eigensinnige, Frysktalige oeuvre hieltyd wer te fernijen. De band fertsjinnet dêrom, neffens de sjuery, de wurdearring fan de Bernlefpriis 2020.

Advyskommisje
De advyskommisje fan de Bernlefpriis bestie fan ’t jier út:

  • Sjouke Nauta, direkteur Friesland Pop
  • Paul Giese, saaklik lieder Popfabryk
  • Marije Heide, haadredakteur 3VOOR12/Friesland en Never Mind the Hipe

Mear witte oer de prizen fan provinsje Fryslân? Sjoch op www.fryslan.frl/provinsjaleprizen.

febrewaris 22, 2021 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.