Israel ferrommet koroanamaatregels

febrewaris 6, 2021 08:51 Fernijd

Israel ferrommet snein in tal koroanamaatregels. Minsken hoege aanst net mear binnen in straal fan in kilometer om harren hûs hinne te bliuwen. Dêrneist meie kappers en skjintmesalons de doarren wer iepenje. De grinzen bliuwe wol ticht en ek de ynternasjonale lofthaven yn Tel Aviv.

Foto: pixabay.com

It is in ferromming yn fazen, want de besmettingssifers yn it lân, dêr’t al in tredde fan de befolking faksinearre is, jouwe noch net folle oanlieding om de maatregels los te litten. Yn trochsneed hat Israel noch te krijen mei sa’n 6500 besmettings deis.

De ferrommingen wurde trochfierd ûnder maatskiplike druk. Troch in protte faksinaasjes yn kombinaasje mei strange regels, waard de rop om ferrommingen sterker. It lân hopet dat, trochdat in protte minsken de spuit tsjin koroana al krigen ha, in nije útbraak tefoaren kommen wurde sil.

febrewaris 6, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.