Is mienskip itselde as mynskip? (5)

febrewaris 8, 2021 10:00

Oer Frysk ûnderwiisbelied en etnysk profilearjen

troch Tom Dykstra

Nei oanlieding fan it besprek fan it lêsûndersyk Cognate facilitation (profyt hawwe fan taaloerienkomst) fan Bosma en Nota haw ik dúdlik makke dat de oanpak fan it lêzen learen yn it Hollânsk noch gjin garânsje jout dat de bern dan ek flot Fryske teksten lêze kinne. Yn de eardere bydragen is it ûnderwiisbelied fan it Ryk en de provinsje Fryslân tsjin it ljocht holden mei as útkomst dat it mei it Frysk yn it ûnderwiis noch lang gjin sprekken lije kin. Yn dit ôfslutende artikel set ik alle relevante saken op in rychje en jou ik in oanset ta ferbettering.

Demokrasy en diskriminaasje
Kêst 1 fan de Nederlânske Grûnwet giet derfan út dat de ynwenners yn ‘gelijke gevallen gelijk behandeld worden’. By grûnrjochten is diskriminaasje fan bygelyks godstsjinst en ras net tastien. No komt yn datselde rychje ‘taal’ as grûnrjocht nét foar, lykas dat wol it gefal is yn de ferklearring fan de Feriene Naasjes oer de minskerjochten út 1948. It hawwen fan in autochtoane (memme)taal heart dêr dus ek by en falt yn kêst 1 ûnder ‘op welke grond dan ook’. Erkend wurdt dat jins taal mei jins kulturele identiteit foarmet en dêr neffens behannele wurde moat.

Almeast hat de Frysktalige mienskip gjin beswier tsjin it learen fan de ‘Nederlandse’ taal, mar wol tsjin it feit dat de eigen taal yn it ûnderwiis útsletten wurdt of mar marzjinaal oan bod komt. Dat jildt net allinne foar Frysktalige, mar ek foar net-Frysktalige bern yn Fryslân. As it lêzen learen yn groep 3 yn it Hollânsk bart, dan heart fan groep 4 ôf it Frysk likegoed syn gerak te krijen. Fan dat lêste komt op in protte skoallen net folle telâne lykas werjûn yn myn eardere bydragen.

De eftergrûn fan dy diskriminearjende situaasje is dat by de oprjochting fan de Staat der Nederlanden (1815) útdruklik op ien taal oanstjoerd waard. Dy iene taal waard nedich achte foar mear ‘ienheid’ en waard ek wol as ‘Algemeen Beschaafd’ oantsjut. In destiids ‘wittenskiplik!’ argumint wie dat bern ûntwikkelingspsychologysk mar ien taal goed leare koene (oars joech it betizing) en dat moast dan wol dy iene steatstaal wêze. Mei it sechje ‘mei it Frysk komme jo net sa fier’ waard de Frysktalige mienskip ynwreaun dat it brûken fan en ûnderwiis yn harren taal út goederbêstens ôfret wurde moast.

Yn de twadde helte fan de 20ste iuw hat ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk oantoand dat bern hiel goed mear talen leare kinne en dat krekt de memmetaal as basis dêrby hiel wichtich is. Mar de ‘Hollânske tradysje’ wie en is sa sterk dat yn Fryslân de ferplichting ta ûnderwiis yn in frjemde taal, it Ingelsk, earder in ‘normaal’ plak krige hat as it eigen Frysk. Troch (ym)migraasje fan oarstaligen, it sluten fan lytse (basis)skoallen mei relatyf it measte omtinken foar it Frysk en troch de bern op hieltyd jongere leeftyd al te konfrontearjen mei it Hollânsk kriget de Fryske taalûntwikkeling folle minder kâns. In folweardich plak foar it Frysk yn it ûnderwiis soe dy skealike situaasje kompensearje kinne.

In ferliking mei de taslachaffêre ‘Ongekend Onrecht’ (2020) leit foar de hân. De grûnrjochten fan de Fryske taalmienskip wurde net of amper beskerme mei in ‘demokratysk’ mearderheidsbeslút fan almeast Hollânsktalige politisy. Boppedat wurdt de ‘skieding fan de machten’ yn de besteande wetjouwing net yn acht nommen en kin de situaasje ûntstean dat skoaldireksjes neffens eigen goedachtsjen de ferplichting fan ûnderwiis yn it Frysk op in sêft sin sette. Benammen de wetlike ‘draachflak’konstruksje út 2014 makket etnysk profilearjen ‘legaal’. In berop op de Twadde Keamer hat gjin effekt, omdat de Keamer de regeljouwing séls fêststeld hat. De Raad van State soe sokke wetjouwing foar it Frysk oan kêst 1 fan de Grûnwet toetse moatte, mar hat dat net dien.

It taalsosjologysk rapport Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje (Fryske Akademy, 2017) komt ta de konklúzje ‘dat de behearsking en it brûken fan it Frysk yn Fryslân op tal fan mêden sûnt 1967 tebekrint’ (s. 25). In soarchlike ûntjouwing nettsjinsteande it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk.

De aktuele regeljouwing foar it Frysk en it Nederlânsk: in ferliking
It Ryk is (ein)ferantwurdlik foar it Frysk yn it ûnderwiis. It Nederlânsk is al sûnt de Frânske tiid ferplichte en foar it Frysk jildt dat pas sûnt 1980 (basisûnderwiis) en 1993 (ûnderbou fuortset ûnderwiis).

De ferskillen yn it oersjoch binne grut en it hoecht jin dan ek gjin nij te dwaan dat yn sa’n situaasje it Frysk it dreech hat. Nei de ferplichting waard der gjin dúdlik ymplemintaasjetrajekt fêststeld mei in bypassende regeljouwing foar tafersjoch en it Frysk as funksje-eask foar learkrêften. De skoallen koene help fan de begeliedingstsjinst krije en foar basisskoallelearkrêften waard in net-ferplichte applikaasjekursus oanbean. Yn it belied is de klam kommen te lizzen op mear tiid jaan – al fjirtich jier yn it basisûnderwiis – en op maatregels foar ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk. Spitigernôch is it sa net slagge om kwalitatyf goed Frysk ûnderwiis op alle skoallen te realisearjen. De ûndersikers yn it Rapport Taalplan Frysk (2018) konstatearje gauris ‘frijbliuwendheid’ en de ûnderwiisynspeksje advisearret de provinsje om it ûntheffingsbelied opnij te besjen.

Op in Frysk-freonliker en effektiver Frysk ûnderwiisbelied ta: in taljochting

ad 1: status
It ‘algemien belang’ fan it ûnderwiis yn it Frysk stiet mei it (tydlik) ûntheffingsbelied – it kieze kinnen út taalprofilen mei gjin of minder kearndoelen – noch altiten ûnder druk. Yn de tachtiger jierren waard yn Provinsjale Steaten noch it rapport Fan Geunst nei Rjocht (oangeande it offisjeel en bestjoerlik ferkear) oannommen mei as ien fan de útgongspunten de lykweardigens en lykberjochtiging fan de beide talen yn Fryslân (s. 11). Under ynfloed fan de taalmacht fan it Hollânsk hat it Frysk lykwols gjin lykberjochtige posysje krige, mar de status fan minderheidstaal (Europeesk Hânfêst, 1998).

It Frysk as twadde rykstaal is wetlik in ferplichte doeltaal: alle learlingen yn ús provinsje krije ûnderwiis yn it Frysk. Yn it hjoeddeistige konsept fan meartaligens driget it Frysk mei bûtenlânske bern op skoalle in posysje as helptaal te krijen lykas bygelyks it Poalsk en it Marokkaansk. Der is yn ’e lessen wurdearring foar de thústaal fan dy bern, mar dy is gjin objekt fan ûnderwiis foar alle bern.
Hoewol’t it belang fan de memmetaalûntjouwing de efterlizzende gedachte is, wurdt mei in helptaal-konstruksje it doel fan it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk foar alle learlingen net of amper realisearre (Fryslân DOK , Omrop Fryslân 31-1-2021). Net allinne foar de Frysktalige, mar ek foar de oarstalige learlingen is passend ûnderwiis yn it Frysk nedich om aktyf partisipearje te kinnen yn de Fryske mienskip. In status as helptaal kin it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk yn it slimste gefal beheine ta sa no en dan ek wat yn it Frysk sizze meie.

ad 2: kearndoelen
Kearndoelen ha gjin funksje as prestaasjedoelen, mar binne easken oan it skoalprogramma. De skoalle hat as taak om op basis dêrfan foar alle bern optimaal ûnderwiis yn it Frysk te jaan en rekken te hâlden mei harren learkapasiteiten. De Frysk- en ek net-Frysktalige learlingen hearre de kâns te hawwen ek de skriuw- en lêsfeardigens ûnder de knibbel te krijen as hja dat oankinne. Mei rjocht en reden hat de Cedin-wurkgroep de ferantwurdlike oerheid dan ek advisearre gjin differinsearre kearndoelen te formulearjen en de learkrêft him/har rêde te litten mei de feardichheidsferskillen by learlingen lykas by oare fakken.

ad 3: tafersjoch
Yn de Bestjoersôfspraak 2019-2023 sprekke Ryk en provinsje de ferwachting út dat skoallen yn 2030 gjin ûntheffing foar it Frysk mear nedich hawwe. Mar mei it jaan fan mear tiid (!) yn kombinaasje mei ekstra begelieding – al hoe wichtich ek – en om de pear jier in momintopname fan de ûndersikers Taalplan Frysk en de ynspeksje bliuwt de kâns lyts dat soks slagje sil. De ynsidintele ynspeksjerapporten jouwe allinne in byld fan hoe’t it der mei it Frysk foar stiet.

Lykas by oare fakken yn it basisûnderwiis heart ek foar it Frysk in begjin makke te wurden mei it jierliks tafersjoch op de fuortgong yn ûntwikkeling en de learresultaten. Foar it neigean fan de fuortgong yn ûntwikkeling is it saneamde Grip-materiaal (evaluaasjesysteeem) beskikber. Wat de learresultaten oanbelanget is op termyn in foar Fryslân oanpaste Eintoets Basisûnderwiis nedich mei in plak foar it Frysk. Yn it earstoan kinne de skoallen oanjaan wat de bern opstutsen ha yn it ramt fan de takende taalprofilen. Yn it fuortset ûnderwiis heart it fakultatyf eksamen Frysk tenei in ferplichte eineksamen foar alle learlingen te wêzen.

ad 4: funksje-eask Frysk foar learkrêften
De ferplichting fan it Frysk yn it ûnderwiis hat net laat ta in funksje-eask Frysk foar learkrêften/dosinten. Yn de lanlike easken foar in ûnderwiisfoech komt behearsking fan it Frysk net foar en foar Fryslân is gjin oare regeling fêststeld.
Ut Rapport Taalplan Frysk (2018) docht bliken dat yn it basisûnderwiis mar 34,5% in foech foar it Frysk hat (s. 50) en dat de taaleftergrûn fan learkrêften en de fyzje fan de skoalle gearhinget mei de hichte fan de takende taalprofilen (s.8). Unfoldwaande behearsking fan it Frysk soarget dus foar in omkearde wrâld: learlingen kinne net goed ûnderwiis yn it Frysk krije omdat de learkrêft de taal net behearsket.
Yn it fuortset ûnderwiis hawwe neffens Rapport Taalplan Frysk (2018) dosinten dy’t it fak Frysk oanbiede it Frysk as taaleftergrûn, mar dat hoecht net altiten sa te wêzen. Oer de oare dosinten jout it Rapport gjin ynformaasje (s. 176). De ûndersikers stelle dan ek dat ferbettering fan de kwaliteit fan goed meartalich ûnderwiis gearhinget mei it profesjonalisearjen fan betûfte learkrêften/dosinten mei in foech (s. 9).

De konklúzje kin no al lutsen wurde dat in doelstelling om yn 2030 gjin ûntheffingen foar (it fak) Frysk mear jaan te hoegen, net helle wurde sil as learkrêften it Frysk ûnfoldwaande behearskje. Yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 wurdt oanjûn dat it op it stuit net dúdlik is hokfoar betingsten oft der foar it fak Frysk jilde, hokfoar proseduere om dy betingsten fêst te stellen en ek net hokfoar oerheden oft dêrta it foech hawwe. Ryk en provinsje sille yn de neamde perioade mei it ûnderwiisfjild oerlis hawwe (s. 16).

Eins ûnbegryplik! Sûnt 1980 is it Frysk al ferplichte yn it basisûnderwiis en dan soe nei fjirtich jier noch net bekend wêze hokfoar feardichheden oft in learkrêft hawwe moat foar goed (lês)ûnderwiis yn it Frysk? De ferantwurdlike oerheden hawwe gewoan de konsekwinsjes fan de ferplichting net nommen, nammentlik dat it ûnderwizend personiel betûft wêze moat om ûnderwiis yn it Frysk jaan te kinnen. By sollisitaasjes heart in folweardich foech net allinne in pree te wêzen. It is in pedagogysk-didaktyske needsaak.

Foar in ferantwurde útfiering fan ûnderwiis yn it Frysk heart sa’n foech Frysk in beneamingseask te wêzen. Sa’n betingst kin net yn ferbân brocht wurde mei in ‘Berufsverbot’, want behearsking fan it Frysk is fan in heger en ‘algemien belang’. Nij te beneamen learkrêften sûnder foech binne ferplichte dat foech noch te heljen. In ridlike finânsjele beleanning foar learkrêften nei it beheljen fan it foech kin dy ynspanningen kompensearje.

ad 5: differinsjaasje
Mei de ferskillen yn feardichheid yn it Frysk kin, lykas by oare fakken, it bêste rekken holden wurde troch mikrodifferinsjaasje, d.w.s. alle bern yn de groep de kâns jaan om yndividueel of yn groepsferbân optimale learfoarderingen te meitsjen. De kar fan de provinsje om datselde doel te berikken mar dan troch it kieze litten út in tal oanbeane taalprofilen (meso- of skoaldifferinsjaasje) hat grutte beswieren:

  • dêrtroch wurdt krekt nét of amper rekken holden mei de ferskillen tusken de learlingen sawol by de Frysk- as de net-Frysktalige learlingen en
  • troch yn it foarste plak it skrasse kinnen fan de skriftlike taaldomeinen (lêzen en skriuwen) fersmellet en ferearmet it taalûnderwiis en it Frysk komt as kultuertaal net mear oan bod.

De wetlike mooglikheid fan ûntheffing is nammentlik in ferkeard middel om temjitte te kommen oan de ferskillen yn behearsking fan it Frysk by de learlingen. It is net om ’e nocht dat de ûnderwiisynspeksje de provinsje advisearret om it ûntheffingsbelied te ‘heroverwegen’.

ad 6: yntegraal meartalich lesmateriaal
Foar it learen fan in taal binne net allinne de lessen foar it fak sels fan belang, mar ek it brûken fan de taal as ynstruksjetaal op oare fakgebieten. Yn in meartalich ûnderwiiskonsept komme neist skieden taalsituaasjes ek transfersituaasjes foar: learynhâlden yn de oare taal ferkenne en dêrby foardiel hawwe fan taalferliking (Rapport Taalplan Frysk, 2018, s. 235).
Foar dy transfer is yntegraal meartalich materiaal nedich om it learkrêft en learlingen mooglik te meitsjen foldwaande teksten mei opdrachten te hawwen om it Frysk ek op oare fakgebieten as fier- en ynstruksjetaal goed brûke te kinnen. Sok materiaal moat oan hege kwaliteitseasken foldwaan en dêrta kin in gearwurkingsferbân fan Fryske Akademy, de NHL Stenden, it Cedin en de Afûk dat materiaal ûntwikkelje.

Is it de oerheid tinken mei ‘2030’?
Taalprofilen en ûntheffingen hawwe noch net laat ta mear ambysje foar goed ûnderwiis yn it Frysk. Yn de ‘rjochtssteat’, dy’t Nederlân pretindearret te wêzen, wurdt it grûnrjocht op ûnderwiis yn eigen taal foar de Fryske taalmienskip net serieus nommen. Utfierende skoallen kinne noch hieltiten legaal it ûnderwiis yn it Frysk mear of minder bûten de doar hâlde.
It ymplemintaasjebelied fan Ryk en provinsje is mei it each op 2030 net folle feroare: ynset fan taalstipers en oer in pear jier wer in rapportaazje fan ûndersikers en ynspeksje oer de stân fan saken. Nei alle gedachten mei fierhinne deselde útslach, omdat de tsjinakseljende krêften in ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk noch altiten opkeare kinne.

Nedich binne ek oare ûnderwiismaatregels fan Ryk en provinsje om de ‘stille’ ûntfrysking fan Fryslân en de stadige dialektisearring fan it Frysk yn ús iepen mienskip tsjin te gean en it ûnderwiis yn it Frysk in reële kâns te jaan. Mei in op oplossingen rjochte ûnderwiisbelied kin oan in jierrenlange kulturele diskriminaasje fan de Fryske befolkingsgroep in ein komme.
Dy maatregels ha te krijen mei it

–    ôfskaffen fan de draachflak-konstruksje yn de wetjouwing;
–    fêststellen fan net-differinsearre kearndoelen Frysk foar mûnling en skriftlik taalûnderwiis;
–    Frysk as funksje-eask yn it Fryske ûnderwiis;
–    jierliks tafersjoch op de learresultaten Frysk yn gearhing mei dy foar it ‘Nederlands’;
–    Frysk as ferplichte eineksamenfak yn it fuortset ûnderwiis;
–    beskikber kommen fan yntegraal meartalich lesmateriaal foar basis- en fuortset ûnderwiis.

Sa te sjen hat it jiertal 2030 foar de provinsje in magyske betsjutting. Sawol yn de startnotysje Weidevogels 20212030 as yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 wurdt der fan útgien dat de konstatearre problematyk it rjochtfeardiget om yn it belied folle mear tiid te nimmen en beliedsmjittich 2030 as stip op de kym te hawwen.
It seit himsels dat in better plak foar it Frysk yn it ûnderwiis net yn ien dei ‘fan de flier op de souder’ te realisearjen falt. Wat wy wol witte is dat langer tiid jaan sûnder dúdlike ymplemintaasjemaatregels net botte effektyf wie yn de ôfrûne jierren. It is net te hoopjen dat Ryk en provinsje yn 2030 in nij útstel dogge mei foar it ûnderwiis yn it Frysk 2050 as stip op de kym.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.
febrewaris 8, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ferdi febrewaris 8, 14:40

    Dúdliker kin it net. Dúdlik is dan ek dat wy fan de hollanske (en Fryske, spitigernôch) politiek,”oerheid” en “rjochtspraak” neat te ferwachtsjen hawwe: it is ien grutte regintenklyk wurden.
    Der liket mar ien mooglikheid te wêzen: in gong nei de jeropeeske en/of de internasjonale rjochter en in berop dwaan op ferdraggen, dy’t yn elts gefal boppe de grûnwet steane.
    Beweging, wêrop wachtsje wy noch?

  2. Abe febrewaris 9, 09:41

    Yn in rige stikken op ItNijs.frl leit Tom Dykstra tige krekt en hiel ynformatyf út hoe’t it sit mei diskriminaasje en Frysk taalûnderwiis. De FNP of de Ried soe dêr ris wat mei dwaan kinne. Bygelyks printsje litte en útdiele oan leden fan Deputearre en Provinsjale Steaten, gemeenterieden, sjoernalisten, wittenskippers. Miskien soe der (takom jier?) in provinsjebreed Frysk Underwiiskongres út fuortkomme kinne. Dêrnjonken moat der in juridysk trajekt fan ‘e grûn komme, mei of sûnder kolleezjepartij FNP. Inkeld stikken publisearje is net genôch. It punt is, der moat in, yn geef Frysk, ‘sense of urgency’ oankweke wurde. It is fiif foar tolven foar de taal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.