Is mienskip itselde as mynskip? (4)

febrewaris 1, 2021 10:00

Oer it ûnderwiisbelied fan de provinsje Fryslân

troch Tom Dykstra

Yn myn foarôfgeande bydragen yn dizze rige joech ik yn it foarste plak omtinken oan it lêsûndersyk Frysk fan Bosma en Nota, twads oan it belang fan lêsfeardigens yn it Frysk en treds oan de fraach hoe’t de sizzenskip oer it Frysk yn it ûnderwiis regele is. Dat lêste is net om bliid fan te wurden, want de lanlike oerheid stiet noch hieltyd mei de rêch nei it Frysk ta. Yn dizze bydrage jou ik omtinken oan de beide ûnderwiistaken yn it provinsjaal útfieringsbelied: it jaan fan ûntheffingen en de rezjy foar it fêststellen fan nije kearndoelen Frysk.

Wat hâlde kearndoelen – ek dy foar it Frysk – wol en net yn?
Dy fraach hat yn Fryslân foar it fak Frysk ta grutte betizing laat. Sûnt 1993 binne foar alle fakken kearndoelen formulearre om de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbetterjen. De ferplichte kearndoelen binne bedoeld as in mienskiplik minimumoanbod yn de skoalprogramma’s. Foar it Frysk ek.
Foar gjin inkeld oar fak jouwe de formulearringen fan de kearndoelen swierrichheden. As guon bern de kearndoelen foar it Hollânsk net ‘helje’ kinne (bern fan flechtlingen bygelyks), dan wurde der gjin kearndoelen skrast, mar besocht om dy bern yn ’e groep didaktysk sa ferantwurde mooglik les te jaan.

Yn it Fryske basisûnderwiis is der lykwols wól in diskusje ûntstien oer de ynterpretaasje fan de kearndoelen Frysk. Is de skoalle ferplichte om dy yn it programma út te wurkjen en op te nimmen? Of moatte alle bern dy doelen ek helle hawwe yn groep 8?
De bedoeling is it earste. De bern folgje it skoalprogramma en der wurdt rekken holden mei harren begjinsituaasje.

De spegeling oan dy foar it Hollânsk wurdt loslitten
By de ynfiering fan kearndoelen yn it ûnderwiis yn 1993 binne dy foar it Frysk noch identyk oan dy foar it Hollânsk. As om 2003 hinne de kearndoelen foar it basisûnderwiis opnij besjoen wurde, giet de provinsje ûnder druk fan guon basisskoallen yn de gruttere plakken (Ljouwert bgl.) akkoart mei it ferleegjen fan it nivo fan de kearndoelen Frysk (2006).

De provinsje giet derfan út, dat mei de net langer oan it Hollânsk spegele kearndoelen Frysk (no ienfâldiger formulearre foar sawol mûnling en skriftlik ûnderwiis) de skoallen better motivearre wêze sille.
Hoewol’t neffens it ynspeksjerapport út 2010 op guon skoallen entûsjast mei it Frysk wurke wurdt, is de algemiene konklúzje dat der noch hieltiten in grut ferskil is tusken ‘wens en werkelijkheid’.
De net langer oan it Hollânsk spegele kearndoelen Frysk hawwe boppedat it beswier, dat it Frysk yn eigen taalgebiet net langer as in lykweardige en lykberjochtige taal sjoen wurdt. In ferkearde ynterpretaasje fan de kearndoelen Frysk hat de status fan it Frysk as in te ûnderwizen taal gjin goed dien en it (ferplichte) ûnderwiis dêryn mei opkeard.

Parsjele ûntheffing in tydlike of in definitive oplossing?
Yn it ramt fan de wetjouwing fan 2014 is de provinsje teset gien mei it ûntheffingsbelied foar de yn 2006 yn nivo ferlege kearndoelen Frysk. Nij is dat skoallen neist folsleine tenei ek parsjele ûntheffing krije kinne. Parsjeel om skoallen te stimulearjen de tydlik bedoelde frijstelling te brûken om harren ûnderwiis neffens alle kearndoelen yn te rjochtsjen.
Yn in Beleidsregel (2015) wurde de kritearia foar ûntheffing fêstlein nei in advys fan relevante organisaasjes en nei it ferplichte oerlis mei it ûnderwiisfjild. De Coördinatie en Advies Groep Primair Onderwijs pleitet derfoar om de talige gearstalling fan de skoalbefolking en fan de skoalomjouwing as wichtichste kritearium foar parsjele ûntheffing te nimmen, mar dêr allinne ‘in uitzonderlike gevallen’ gebrûk fan te meitsjen (s.11).
Yn dy Beleidsregel lykwols wurdt sûnder neiere taljochting mei dat lêste gjin rekken holden. Utsein profyl A (gjin ûntheffing) kin in basisskoalle ien taalprofyl út de oare fiif profilen (B oant en mei F) kieze mei hieltyd in kearndoel minder. Profyl G betsjut folsleine ûntheffing.
Yn it fuortset ûnderwiis binne der minder karmooglikheden foar ûntheffing.
Neffens de taljochting yn de Beleidsregel koe it ûnderwiisfjild him ‘op hoofdlijnen’ goed lykfine mei de útstelde plannen (s.10).

It ynventarisearjend Rapport Taalplan Frysk (2018) – troch de provinsje brûkt as in 0-mjitting – jout gjin hoopfol byld fan it effekt fan it nije ûntheffingsbelied. De ûndersikers komme ta in einkonklúzje dat der oer it generaal sprake is fan ‘frijbliuwendheid’. Wetlik mooglik makke troch de saneamde draachflakkonstruksje? (Sjoch de eardere bydrage nr. 3).
Hja konstatearje dat te min ynset wurdt op learlingresultaten en it is de fraach oft yn in meartalige wrâld beheining ta allinne in positive hâlding foar it Frysk (profyl F) mooglik en foldwaande is. De ynspanningen soene neffens de ûndersikers rjochte wêze moatte op it ‘safier mooglik komme’ kinnen mei de kearndoelen (s. 236).

It is opfallend dat it yn 2019 ferskynde ynspeksjerapport Sizzen is neat, mar dwaan is in ding sa negatyf is oer it provinsjale ûntheffingsbelied. De ynspeksje – tradisjoneel ek net daliks foarstanner fan ûnderwiis yn it Frysk – skriuwt: “Het effect van het toekennen van de taalprofielen is echter vaak dat scholen juist niet ambitieus worden en de bestaande situatie willen handhaven.” Genôch reden om it ûntheffingsbelied te ‘heroverwegen’ (s.8).
In protte skoallen geane der dus eins fan út dat it keazen profyl gjin tydlike mar in definitive ûntheffing betsjut fan it wurkjen oan in tal kearndoelen. Benammen foar it (lês)ûnderwiis op de basisskoallen is dat slim, omdat krekt de taalprofilen sûnder skriuwen (B) en lêzen (C) as earsten keazen wurde kinne yn it ûntheffingstrajekt. Mar goed 50% fan de basisskoallen hat in profyl mei lêsûnderwiis yn it ûnderwiisprogramma.
Boppedat hat de ynspeksje der ek noch wer ris op wiisd dat kearndoelen ‘streefdoelen’ binne en gjin ‘beheersingsdoelen’ en dat mei alle bern op alle skoallen oan deselde kearndoelen wurke wurde kin.
De fêststelde Beleidsregel 2015 – wierskynlik om guon tsjinakseljende direksjes ta freon te hâlden – wie yn dizze foarm eins net nedich.

Yn de aktuele Bestjoerôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 (tusken Ryk en provinsje) is opnommen dat fan 2030 ôf fan skoallen ferwachte (!) wurdt dat se gjin ûntheffing foar it Frysk mear nedich hawwe ‘om de fêststelde kearndoelen te realisearjen’ (s. 13/14). Net sa dúdlik is oft dat realisearjen slacht op it skoalprogramma Frysk of op te ‘heljen’ prestaasje-easken troch alle bern. It is fan belang om de kommende jierren de (nije) kearndoelen Frysk as easken foar it skoalprogramma te sjen.

Hoe komt it mei de nije kearndoelen Frysk?
In tal jierren tebek hat in lanlike kommisje de opdracht krige om de kearndoelen wer by de tiid te bringen. De provinsje hat fanwegen syn rezjyfunksje foar it fêststellen fan de kearndoelen Frysk in groep saakkundigen en minsken út it Fryske ûnderwiisfjild de opdracht jûn om dêrmei oan it wurk te gean.
Ein 2019 wie de lanlike kommisje al klear, mar de Fryske wurkgroep noch net. Yn de kontakten mei provinsje en wurkgroep hawwe wy as FFU mûnling en skriftlik omtinken frege foar it misferstân om kearndoelen Frysk as ‘prestaasjedoelen’ te beskôgjen. Fierders kin it ferskil yn feardigens yn it Frysk yn de groep learlingen net oplost wurde mei differinsjaasje (taalprofilen) op skoalnivo, omdat soks laat ta in iensidich en unifoarm programma.
It is de ‘wurkgroep Oosterloo’ lykwols net slagge om mei in útstel te kommen. Yn maart 2020 hat de provinsje sadwaande de opdracht oan de wurkgroep net ferlinge en it Cedin (de skoalbegelieding) frege om foar 1 oktober 2020 mei boustiennen te kommen foar nije kearndoelen Frysk (kurrikulum.frl).

Yn it útbrochte Cedin-rapport fan wol hast in 100 siden oer Frysk en meartalich ûnderwiis is ien stelling fan it âldergrutste belang om it ûnderwiis yn it Frysk út de nederklits te heljen: “De skriuwgroep fan faze 1 en de fjildgroep fan faze 2 hawwe lykwols beide eksplisyt oanjûn dat differinsjaasje in taak fan de learkrêft is en net yn de kearndoelen hoecht.(Taljochting s.40).

Sa’n útgongspunt makket it gearstallen fan kearndoelen Frysk al in stik ienfâldiger en skoallen hoege der no ek net oer yn noed te sitten dat se fan guon learlingen it ûnmooglike freegje. Of, om it mei de ûnderwiisynspeksje te sizzen: “In de (verwachte) beheersing van de onderdelen van het vak kan dan afhankelijk van de leerlingpopulatie gedifferentieerd worden. Zo gebeurt dat ook bij andere vakken.” (Ynspeksjerapport 2019, s.8).

It feit dat der no al fjouwer jier wurke wurdt om te kommen ta fernijde kearndoelen Frysk
jout ek oan dat de (ferplichte) posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis noch altiten net ‘fanselssprekkend’ is. It wachtsjen is no op it definityf fêststellen fan fernijde kearndoelen Frysk.

It provinsjaal ûnderwiisbelied hifke
De provinsje is de skoallen yn it neikommen fan de ferplichting om it Frysk te ûnderwizen fierhinne yn ’e mjitte kommen troch:

  1. it yn nivo ferleegjen fan de lykweardige kearndoelen Frysk basisûnderwiis, en dêrmei in legere status fan it Frysk as in te ûnderwizen (kultuer)taal yn Fryslân (2006).
  2. yn it ûntheffingsbelied de skoallen neffens eigen ynsjoch kieze te litten út in tal taalprofilen, elk mei mear of minder fan de yn nivo ferlege kearndoelen Frysk. De taalprofilen mei it skriuwen en lêzen leare komme as earsten foar frijstelling yn ’e beneaming (2015).

De yn nivo ferlege kearndoelen foar it Frysk (2006) en it ûntheffingsbelied sûnt 2015 hawwe net foar alle learlingen laat ta in ferbettering. Foar de Frysktaligen op in grut tal skoallen noch it minste, omdat by de kar fan de profilen benammen rekken holden waard en wurdt mei de net-Frysktalige learlingen. En dat nei hast 40 jier nei de ferplichting yn it basisûnderwiis!

Dêrfoaroer wie en is alle Ryksbelied iensidich rjochte op it befoarderjen fan it ûnderwiis yn it Hollânsk. Hast alle dagen yn dizze koroanjetiid is op telefyzje te hearren hoe slim oft de ûnderwiisefterstân by taal (Hollânsk) en rekkenjen is. Oer mooglik efterstân yn it Frysk, de twadde rykstaal, ha ik de Onderwijsraad, de ûnderwiisminister of de deputearre noch net heard.
Op in grut tal skoallen wurdt it nedige ûnderwiis yn it Frysk net echt serieus nommen en dat hat op ’en doer tige negative gefolgen foar de behearsking en ek it brûken fan it Frysk. As stim fan de Fryske mienskip soe de provinsje Fryslân der dan ek alles oan dwaan moatte om dy negative spiraal tsjin te gean.

Yn myn fiifde en lêste bydrage mear oer demokrasy en diskriminaasje yn it (Frysk) ûnderwiisbelied en de yn acht te nimmen maatregels.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.
febrewaris 1, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.