Invictus Games yn De Haach opnij útsteld fanwege koroana
Resint ferskynd
- Earste ljipaai fan Fryslân fûn by Raard 0
- Marsrover Perseverance rydt earste meters 0
- Caspar Vos opfolger Georges Mutsaerts as direkteur Skiermûntseachfestival 0
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
De Invictus Games dy’t yn maaie yn De Haach holden wurde soene, gean opnij net troch. It sportevenemint foar militêren en feteranen mei psychysk of lichaamlik letsel is fannijs útsteld fanwege de koroanamaatregels.
It ynternasjonale sportevenemint soe ferline jier al yn it Haachske Suderpark holden wurde, mar waard doe nei dit jier ferskood. De Britske prins Harry is beskermhear fan de spullen foar militêren dy’t ferwûne rekke binne yn it leger.
Foar de edysje yn De Haach stiene tsien sporten op it programma: atletyk, gewichtheffen, hânbôgesjitten, roeien, JLR Driving Challenge, rolstoelbasketbal, rolstoelrugby, hurdfytsen, sitfollybal en swimmen. De earste spullen waarden yn 2014 yn Londen holden. Dêrnei wiene der edysjes yn de Feriene Steaten, Kanada en Australië.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje