In ‘Blue Zone’ yn de Fryske bosk

febrewaris 17, 2021 08:57 Fernijd

It fleurige byld fan de fitte, sûne plattelânsbewenner strykt net mei de werklikheid. Wolfeartssykten komme faker foar op it plattelân. Sûnens is it tema yn diel fjouwer fan de Fryslân DOK-searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’. Sneon 20 febrewaris te sjen by NPO2, snein 21 febrewaris by Omrop Fryslân.

Ald-bioboeren Asse Aukes en Elias van der Werf (foto: Omrop Fryslân)

Wenjen op it plattelân jilde altyd as sûner as wenjen yn ‘e stêd. Bûten is mear romte, frisse lucht, in leger tempo en minder stress. In heilsume omjouwing foar lichem en geast. Mar út ûndersyk docht bliken dat de plattelânsbewenner fan no like goed te lijen hat fan wolfeartssykten as stress, oergewicht en groanyske kwalen, sels mear as gemiddeld. Wat hat it fleurige imago fan de sûne bûtenminske, de altyd fitte plattelanner, ûnderúthelle?

De ferlieding wjerstean
Neffens politikolooch Herman Lelieveld hat de frije merk net it bêste mei ús foar, as it giet om sûnens. Minsken binne net yn steat om de ferlokkingen fan goedkeap en net-sûn iten te wjerstean, en foaral de plattelanner is dêr gefoelich foar. De oerheid moat mear stjoering jaan, mient Lelieveld.

‘Blue Zone’
Jon Brouwers is húsdokter yn Bakkefean. Sy yntrodusearre in nij konsept fan sûnenssoarch yn har doarp yn it boskrike súdeasten fan Fryslân. Gjin pillen, mar in oare libbensstyl soe de oplossing wêze foar de measte âlderdomskwalen. Mei sa’n fjirtich frijwilligers wol Brouwers fan Bakkefean in ‘Blue Zone’ meitsje. In plak dêr’t minsken minder siik binne en lokkiger âld wurde.

‘Sûnens begjint by de natuer’
Asse Aukes en Elias van der Werf buorken op de grutste biologyske pleats fan Fryslân, doe’t Fryslân DOK dêr tweintich jier lyn in film makke. Twa boeren, yntusken mei pensjoen, dy’t sûnens sjogge as wat dat begjint by in bettere en sûnere omgong mei de natuer.

De moanlikse dokumintêresearje ‘Beklimmers fan it flakke lân’ wurdt makke troch Albert Jensma en Bart Kingma. Dêrmei jout Fryslân DOK oandacht oan nije, lytsskalige en op de takomst rjochte inisjativen op it plattelân.

Fryslân DOK ‘Beklimmers fan it flakke lân diel 4: Sûnens’
Sneon 20 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 21 febrewaris 13.10)
Snein 21 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 17, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.