Ik bin jo broeder en jo suster (gedicht)

febrewaris 13, 2021 09:30 Fernijd

Foto: pixabay.com

Ik bin jo broeder en jo suster

Jo ferpleger en tsjûge
en alles wat dêr tuskenyn leit.
Achter jo stean masines, mar
ik fiel jo pols en hear jo hert bûnzjen.

Ik bin it dy’t jo ferhaal ken
en hoe’t jo hjir kommen binne.
Ik doch myn bêst foar jo,
oant de dei dat wy ôfskie nimme.

Ik bin jo broeder en jo suster…

Ik flean en draaf foar jo,
mar dat heart no ienris sa.
Der is neat dat ik net
sjoen, rûkt, of heard ha.

Ik moat skerp bliuwe as ik
oan jo stim hear dat der wat is.
Ik pas jo medikaasje oan
en fier it mei jo as jo foarútgean.

Ik bin jo broeder en jo suster…

Ik harkje nei jo noeden dy’t jo
emosjoneel totaal ferskuorre.
Dat heart no ienris by myn baan
en ik ha echt gjin muorre.

As jo gûle, omdat it net wol,
dan bin ik der foar jo.
As ik in laits toverje kin,
sil ik dat net litte.

Ik bin jo broeder en jo suster…

Myn skouders drage de tragedys
dy’t jo en ik trochmakke ha.
It “Wy kinne neat mear foar dwaan”
en pine dy’t ik fiel as ik jo ferlieze soe.

Ik sjoch de minske achter de pasjint.
As jo lizze, sitte, stean of rinne,
as jo my sjogge mei myn in mûlkapke,
hoopje ik dat jo itselde sjogge.

Ik bin jo broeder en jo suster…..

Ik wol út noch yn net brekke,
al is de line noch sa tin.
Mar as broeder en as suster freegje ik jo:
Help ús no’t it noch kin.

Siebe Siebenga

febrewaris 13, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.