Iiswille yn byld (9)

febrewaris 23, 2021 21:18

Hjoed is foar de fjirde dei yn ‘e rige yn De Bilt in temperatuer boppe de 15 ºC metten, sa docht Weeronline te witten. Soks is yn de meteorologyske winter nea earder foarkaam. It rekôr stie op trije dagen efter inoar, op namme fan 1998 en 2019. It wurdt noch mâlder, want op grûn fan de waarsferwachting foar moarn komt der noch in dei by. Soks is yn oerienstimming mei it opwaarmjen fan it klimaat. Sa is febrewaris neffens it waarburo 1,6 graad opwaarme, ferlike mei it tiidrek 1951 – 1980.

Namste bysûnder is it dat reedriders oardel wike lyn oer de marren fleagen. Foarearst foar it lêst noch wat bylden fan de iiswille.

Goaiïngarypster Puollen (© It Nijs, 14-2-21)

Noarder Aldewei (© It Nijs, 14-2-21)

Goaiïngarypster Puollen (© It Nijs, 13-2-21)

Snitser Mar (© It Nijs, 13-2-21)

Goaiïngarypster Puollen (© It Nijs, 13-2-21)

Goaiïngarypster Puollen (© It Nijs, 13-2-21)

Goaiïngarypster Puollen (© It Nijs, 13-2-21)

Klik hjir foar de eardere ôfleveringen fan dizze rige.

Wa’t it wintergefoel noch wat langer fêsthâlde wol, kin it tydskrift De Nije keapje dat diskear de winter as tema hat. Te krijen yn de supermerken fan Poiesz en Albert Heijn en by boekhannels. Of nim in abonnemint fia dit formulier.

febrewaris 23, 2021 21:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.