Iiswille yn byld (8)

febrewaris 22, 2021 20:09

Mei 16,2 °C waard hjoed it rekôr foar de heechste temperatuer op 22 febrewaris, dat stamde út 1990 (14,5 °C) tegnjirde, sa docht Weeronline te witten. Dat nei’t juster krekt it rekôr foar De Bilt op 21 febrewaris tegruzele wie, mei 16,9 °C foar 14,8 °C yn 1949 oer. Yn Maastricht kaam de temperatuer hjoed sels op 18,2 °C en yn Eindhoven juster op 18,5 °C en dat wiene de heechste wearden dy’t ea op hokfoar KNMI-stasjon ek mar metten binne op dy datums. Sadwaan terane de oantinkens oan it koarte winterke fan in wike lyn. Dat wie foar winterleafhawwers in kado fan de natoer, dat krekt as mear dingen yn de koroanatiid, kreas thús ôflevere waard, krekt no’t reizgjen nei de wintersport om dyselde koroana foar de measten net mooglik is. In protte minsken fine it maitiidswaar dat de winter sa hommels ferdreau likegoed in kado – en hja jouwe mei it slikjen oan iisko’s al wer in oare betsjutting oan iiswille – mar sok waar sille we dit jier sûnder mis noch mear krije. En de metamorfoarze nei in wintersk lânskip duorre net langer as in trochsneedfakânsje nei de wintersportgebieten. Dêrfandinne dat we der foar de neiwille noch mar ris wat ‘fakânsjefoto’s’ bypakke.

De Kolk op ‘e Jouwer (© It Nijs, 14-2-21)

De Kolk op ‘e Jouwer (© It Nijs, 14-2-21)

De Kolk op ‘e Jouwer (© It Nijs, 14-2-21)

Jouster Sylroede (© It Nijs, 14-2-21)

Jouster Slûs (© It Nijs, 14-2-21)

Klik hjir foar de eardere ôfleveringen fan dizze rige.

Wa’t it wintergefoel noch wat langer fêsthâlde wol, kin it tydskrift De Nije keapje dat diskear de winter as tema hat. Te krijen yn de supermerken fan Poiesz en Albert Heijn en by boekhannels. Of nim in abonnemint fia dit formulier.

febrewaris 22, 2021 20:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.