Iiswille yn byld (2)

febrewaris 16, 2021 22:34

Neffens heechlearaar geastlike sûnensbefoardering Ernst Bohlmeijer fan de Universiteit Twente, wiene de Nederlanners o sa ta oan winterwille. “In protte minsken sitte troch de koroana oantangele mei iensumens, eangst en depressive klachten”, sa seit de professor hjoed yn deiblêd Trouw. “De natuer joech ferline wike in útnûging om nei bûten ta en warber te wurden mei kuierjen, sniepoppen meitsje en reedriden. Dêr kwikke minsken fan op.” Mar hoe moat it no fierder, no’t de winter sa hommels weiwurden is? Bohlmeijer: “Besjoch foto’s en fideo’s en besykje it yn dyn holle fannijs te belibjen. Ast dat mei tawijing dochst, komme de geloksfielingen wer werom.” It Nijs besiket dêr mei dizze rige sines oan by te dragen.

Juster setten we, krekt as de reedriders, útein mei it reedriden op lâniis; dêrnei is it riden op ûndjippe puollen en petten oan bar. Yn de omkriten fan It Hearrenfean fleane longerjende iisleafhawwers sa gau as it in bytsje winterje wol nei it Nannewiid. Mar dat lei ferline wike likegoed foar in grut part fol mei snie-iis. Benammen de westkant wie amper te beriden. Oan de eastkant lei moai glêd iis dat der pas nei de sniestoarm fan it wykein derfoar ynferzen wie, mar dat wie sadwaande noch wol wat tin…

Tongersdei wie der al aardich flecht op ‘e koai (It Nijs, 11-2-21)

 

It min te beriden snie-iis dreau de reedriders nei de eastkant (It Nijs, 11-2-21)

 

It waard suver simmer op it iis, mar dat wie net befoarderlik foar de iiskwaliteit… (It Nijs 11-2-21)

 

Sadwaande koene riders letter op de dei harren opbynplak oan de Badwei amper noch berikke (It Nijs 11-2-21)

 

Iisklup De Vriendschap fan Aldehaske hie lykwols de oare deis al banen fage oer sa tsjok en sa glêd mooglik iis (It Nijs 12-2-21)

Wa’t it wintergefoel noch wat langer fêsthâlde wol, kin it tydskrift De Nije keapje dat diskear de winter as tema hat. Te krijen yn de supermerken fan Poiesz en Albert Heijn en by boekhannels. Of nim in abonnemint fia dit formulier.

febrewaris 16, 2021 22:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.