Iiswille yn byld (1)
Resint ferskynd
Hjoed reage teiwaar yn in omsjoch in koart mar fûleindich winterke it lân út. Leafhawwers fan reedriden namen de ôfrûne dagen lykwols harren trekken goed waar. Dat foel oars noch net altyd ta, om’t in pak snie yn it foarôfgeande wykein de foarming fan in glêde iisflier op in protte plakken yn ‘e bulten jage hie. Mei om’t it de wike derfoar ek al kâld west hie, teide de snie yn ûndjip wetter net goed fuort en ûntstie kwalteriis. Benammen wetter dat ornaris gau tichtleit hie dêrfan te lijen. Sa ek in stik splislizzend lân tusken de grutte dyk by Snits en de Brekken. Lykwols wie der op dat lâniis ferline woansdei al in aardich espel reedriders op ‘e lappen. Hjirûnder is dêr in koarte fotoreportaazje fan te sjen. De oankommende dagen folgje mear foto’s fan it reedriden dat ôfrûne wike in protte minsken yn de besnijing hold; foar wa’t noch efkes neigenietsje wol.
Wa’t it wintergefoel noch wat langer fêsthâlde wol, kin it tydskrift De Nije keapje dat diskear de winter as tema hat. Te krijen yn de supermerken fan Poiesz en Albert Heijn en by boekhannels. Of nim in abonnemint fia dit formulier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje