Hûnderten Belgen dogge mei oan proef Sineesk faksin

febrewaris 28, 2021 08:47 Fernijd

Foto: pixabay.com

Trije- oant fjouwerhûndert Belgen litte har meikoarten mei in Sineesk faksin ynspuitsje. Hja hawwe har oanmeld foar in test mei it faksin, skriuwe Belgyske media.

Clover Biopharmaceuticals út Sina soe it earste bedriuw wêze dat in oanfraach yntsjinne hat om in faksin yn België te testen. It Etysk Komitee en it Federaal Genêsmiddelagintskip moatte dy oanfraach noch goedkarre. De medisynprodusint hopet yn de twadde helte fan maart mei de proef úteinsette te kinnen.

Ynintinsjen op grutte skaal mei in Sineesk faksin is foarearst net mooglik, mei’t Europa dêr gjin tastimming foar jout.

febrewaris 28, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.