Henk Angenent en Syb van der Ploeg ride eigen Alvestêdetocht

febrewaris 14, 2021 11:10

Henk Angenent (foto: Wikipedia/Dirk-Jan Kraan – CC BY-SA 3.0)

De lêste winner fan de Alvestêdetocht, Henk Angenent (53), besiket hjoed opnij om de tocht te riden. Dat docht er mei sjonger Syb van der Ploeg, syn broer Jacob en freon Martin Matser. De riders binne sneintemoarn betiid úteinset yn Ljouwert.

“Wy fytse de tocht alle jierren op Twadde Pinksterdei”, sei Angenent tsjin in ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante. “En de fanatike riders hawwe altyd sein: wy wolle him dochs in kear mei ús allen ride. Dat is no wol wat mooglik, dus dat sille we gewoan dwaan.”

Underweis moat der wol in protte klune wurde, lykas yn Drylts.

Juster waard de tocht ek al riden troch de Friezen Piet Mulder en Gerben Douma. Even foar 00.00 oere kamen se oer de streek op de Bonkefeart. It wie in drege tocht. Ien fan harren krige noch in boete foar it oertrêdzjen fan de jûnsklok. “De Alvestêdetocht rûn wat út”, wie syn ferklearring.

Bywurke: Henk Angenent en de oare riders binne even foar 18.00 oere oer de streek op de Bonkefeart kaam. Wol waarden der twa stêden oerslein: Harns en Frjentsjer, fanwege it teiwaar. It stik tusken Boalsert en Dokkum waard yn in auto ôflein.

febrewaris 14, 2021 11:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.