Heechlearaar Frysk: ôfkarren fan ‘sich’ is diskriminaasje

febrewaris 13, 2021 21:47

Diskriminaasje. Sa neamt Nils Langer, heechlearaar Frysk yn Flensburch, it as taalgebrûk ferkeard neamd wurdt. Hy seit: “It is iroanysk. Oan ‘e iene kant draait taalbelied foar minderheidstalen om it beskermjen fan talige minskerjochten. De reden dat wy minderheidstalen stypje en beskermje is dat wy sizze: elke sprekker hat it rjocht op de eigen taal, om sa te praten as er wol. En it kin der net op troch dat sein wurdt dat ien dom is omdat er Nedersaksysk of Frysk praat. Men hat rjocht op in eigen taal. Mar troch it betinken fan taalnoarmen, bygelyks troch foarskriften, troch it útjaan fan wurdboeken en grammatikaboeken, feroardielet men beskate manieren om de minderheidstaal te brûken as ‘ferkeard’ en ‘ûnecht’. Wat wy dan krije is dat memmetaalpraters, tweintigers dy’t sich sizze, diskriminearre wurde. Sels sjogge se dat net sa. Se tinke: sa wurket skoalle no ienkear. Mar ynienen wurdt har ferteld dat har taal ferkeard is.”

Langer, dy’t bekend stiet as in tsjinstanner fan strange taalnoarmen, die syn útspraken yn in online-kolleezje dat er as gastdosint oan de Britske universiteit fan Oxford jûn hat. Hy praat dêr oer taalnoarm yn it algemien, de noarmen foar minderheidstalen yn it bysûnder en noch spesifiker de noarmen foar it Frysk. Hy hellet syn foarbylden út it Noard-Frysk, mar dy binne ek tapasber op it Westerlauwerske Frysk.

Neffens Langer kin taalnoarm derta liede dat minsken de wille oan in taal kwytreitsje en oerskeakelje op in dominante taal. Hy sitearret ien dy’t sein hat: “Ik fyn it net langer aardich om Frysk te praten, mei beskate minsken, want se korrizjearje my hieltyd.”

Langer stelt de fraach: “Fan wa is in taal? Normaal soe men sizze: de taal is it eigendom fan de memmetaalpraters. Mar yn dit gefal: nee, nee, nee, de taal is eigendom fan de minsken dy’t oaren fertelle hoe’t se prate moatte.” Neffens him binne de oanhingers fan taalnoarmen benammen heechoplate, middelbere en âlde minsken, dy’t net yn ’e rekken hawwe dat se foaral jonge en leger oplate sprekkers diskriminearje omdat dy harren keunstmjittige regels net tapasse.

As oaren jin fertelle dat jins taal net doocht, is der neffens de heechlearaar sprake fan top-down-taalbelied. Hy lit sjen dat dat faak ferdigene wurdt dat dat nedich is mei it argumint dat de taal oars te hurd feroaret, mar dat in protte fan de saken dy’t ôfkard wurde, al hiel lang yn de taal foarkomme. It wurd sich waard yn de 19e iuw neffens him ek al as in ynslûpsel feroardiele en no noch tinke minsken neffens him dat it wat nijs is.

It Ingelsktalige kolleezje fan Langer is hjirûnder te besjen:

febrewaris 13, 2021 21:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe febrewaris 15, 13:26

    In ûnoannimlik en ûnwinsklik stânpunt, liket my.Taal en taalgebrûk berêste op sosjale ôfspraken, net op yndividueel ûnbenul. Normearring is noadich om fersteanber te bliuwen yn in bredere sosjale kontekst. Dy sosjale ôfspraken binne ynset fan diskusje – hoe strang binne se, hoefolle romte litte se foar ôfwikingen fan de ‘noarm’ – nét de fraach oft minsken in taal topdown LEARE moatte om har fersteanber meitsje te kinnen foar oaren.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.