Grutte belangstelling âlderein foar koroanaprip

febrewaris 14, 2021 09:33

Sûnt mids jannewaris kinne 80+’ers har yn WTC Expo yn Ljouwert ynintsje litte foar it koroanafirus. Dêr wurdt drok gebrûk fan makke. Der binne al sa’n tsientûzen prippen set. Op de sosjale media wurdt der posityf op reagearre. In âldere frou skreau op Facebook: “Afgelopen dinsdag gevaccineerd. Ik wil graag een compliment geven. Het was geweldig goed georganiseerd. De doorstroom liep als een trein. Ik wil alle betrokkenen hier hartelijk voor bedanken.”  

Elkenien dy’t tusken 21-01-1931 en 21-03-1941 berne is, kriget in útnûgingsbrief fan it RIVM. Wa’t dy noch net krige hat moat rêstich ôfwachtsje. Elkenien komt oan bar. Mobile 90+’ers wurde troch de húsdokter útnûge foar it meitsjen fan in ôfspraak. Wa’t mobyl genôch is om, mei of sûnder help, nei in GGD-faksinaasjelokaasje te gean, kin dêr in prip krije.

It WTC yn Ljouwert is mei de fyts en de auto goed te berikken. Minsken dy’t sels gjin ferfier hawwe, kinne gebrûk meitsje fan gemeentlike ferfiersfoarsjenningen WMO as se dat faker dogge. De GGD freget om safolle mooglik allinne te kommen. As dat perfoarst net kin, dan mei in begelieder mei.

It komt foar dat oplichters har as GGD-meiwurker foardogge. Dy belje minsken op en binne út op finansjele gegevens. Yn sokke gefallen is it saak en belje de plysje op.

Van der Wal (1937) en ’e frou (1938) binne ek yninte (foto © GGD Fryslân)

 

febrewaris 14, 2021 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.