Glêsblazerij

febrewaris 26, 2021 11:01

Yn Fryslân binne twa adressen dêr’t men terjochte kin foar as it wat mei glêsblazen te krijen hawwe moat. Der is in atelier yn Ljouwert en yn Eksmoarre is it Quakeltje. Sûnt 1997 hat Alvin Overwater tegearre mei syn frou it bedriuw dêr yn de doarpsstrjitte fan Eksmoarre.

Foto © Matthijs Verkuijl

Hy makket in soad keunstwurken fan glês, faak yn opdracht fan partikulieren en bedriuwen, mei ferskate tema’s. Mar hy wurket ek wol út eigen ymprovisaasje. De opdrachten komme net allinnich út ús provinsje, mar ek út Hollân, ek yn dizze tiid.

It bysûndere fan it meitsjen fan glês is dat it in tige âlde proseduere is, al út de tiid fan 3500 foar Kristus en wol yn Mesopotamië. Dêr waard ûntdutsen dat it mei in mingsel fan kalk, sân en polke mooglik wie om glês te meitsjen. De technyk fan it blazen ûntwikkele him mei de tiid yn Syrië en dy waard troch de Romeinen ferspraat. Iuwenlang wie Murano, in eilân by Feneesje, it sintrum fan glêsblazerij.

Fanwegen de hege kwaliteit hellet Overwater syn glês út Tsjechië. Syn technyk is dy fan it blazen fan de eigen azem ûnder it hjit meitsjen fan it glês, dat op bepaald stuit tsjok floeiber is. Mei in brander kin er hege temperatueren berikke, mar as in ûntwerp te swier is moat it yn de ûne.

Foto © Matthijs Verkuijl

Op Glasblazerij het Quakeltje binne in soad artikels en prizen, genôch mooglikheden om in kar te meitsjen. It bedriuw kombinearret de glêsblazerij mei in winkel. In besite is oan te rekommandearjen, út soarte yn de hjoeddeiske tiid, op ôfspraak (telefoan 0515 47 33 31).

Matthijs Verkuijl

febrewaris 26, 2021 11:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.