Gerard Mast – ‘Eendenkooien in Fryslân 1450-2015’

febrewaris 14, 2021 08:49

It monumintale boekwurk Eendenkooien in Fryslân 1450-2015 fan Gerard Mast is ôfrûne wike ferskynd.

Boarne: Noordboek

It standertwurk jout in ensyklopedysk oersjoch fan alle goed 400 einekoaien dy’t Fryslân yn de ôfrûne 5,5 iuw hân hat. Gerard Mast hat alle relevante aspekten fan it fenomeen einekoai beskreaun, ûnder oare de bloeiperioades yn de santjinde en achttjinde iuw, de geografyske ûntwikkelingen – bygelyks yn relaasje ta bûtenplakken – en in ferifikaasje fan âlde beneamingen. Hy beskriuwt de wurkprosessen, de boumaterialen en it ark. Alle aspekten fan de einekoaien hat er kwantifisearre, lykas de fangstgegevens en prizen fan fongen fûgels en aaien op de ôfsetmerken.

De mearsidige stúdzje befettet ek in sosjologyske analyze, oer beneamingen en famyljenammen, en beskriuwt de einekoaien as kultureel erfgoed, fan heraldyk, doarpswapens en doarpsflaggen oant sprekwurden en siswizen.

Eendenkooien in Fryslân 1450-2015 is yllustrearre mei kaarten, grafiken en foto’s.

Gerard Mast wie in wichtich part fan syn wurksume libben yn tsjinst fan Steatsboskbehear. It boek is in útjefte fan Noordboek | de Eendenkooi Stichting en de Kooikersvereniging.

ISBN 978 90 5615 662 6 | bûn, yn twa dielen | ryk yllustrearre | 1087 siden | € 99,00

Eendenkooien in Fryslân 1450-2015 is te keap by de boekhannel, by noordboek.nl en fia dizze link.

febrewaris 14, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.