Gâns minder troude minsken yn Fryslân

febrewaris 21, 2021 08:57 Fernijd

Sûnt 2010 naam it tal troude minsken yn Fryslân mei 6,6% ôf. Nettsjinsteande dat tebekrinnen binne yn Fryslân in protte minsken boaske. Fan alle Friezen is yn 2020 40,1% troud, wat mear is as it lanlik trochsneed fan 38,6%. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan ThePerfectWedding.nl nei de resintste trousifers.

Foto: pixabay.com

Tal troude minsken yn alle Fryske gemeenten tebekrûn
Yn alle Fryske gemeenten rûn it tal troude ynwenners tebek. Foaral yn de gemeente Skylge blykt it tal troude minsken sûnt 2010 bot tebekrûn: -10,7%.

Yn Dantumadiel is it grutste oanpart fan de befolking troud: 45,4%. Ljouwert telt relatyf sjoen de minste troude minsken mei 32,5% fan alle Ljouwerters. Yn tsien jier tiid naam dêr it tal troude minsken ôf mei 9,7%.

20% minder houliksslutingen yn 2020
Yn 2020 waarden 20,4% minder houliken sletten as yn 2019. Sûnt 2013 leit it jierlikse tal Nederlânske houliksslutingen om de 65.000, mar yn 2020 wiene dat der krekt wat mear as 50.000.

Yn 2020 stelden in protte breidspearen harren brulloft út yn ferbân mei de koroanamaatregels. Fan in boaskseizoen wie dêrtroch gjin sprake. Pas yn oktoer kaam it tal sletten houliken op in nivo fan in jier earder.

Boaskseizoen 2021 komt letter op gong
Ferloofde minsken dy’t harren brulloft plenne foar 2021, kieze foaral foar in datum yn de twadde helte fan it jier. Gewoanwei begjint it trouseizoen yn april, mar dit jier lykje de faksinaasjes ôfwachte te wurden. Foaral fan july oant en mei septimber plenne breidspearen harren brulloft.

Sarah Glasbergen fan ThePerfectWedding.nl ferwachtet dat der in protte troud wurde sil letter yn it jier en yn 2022: “It boaskseizoen liket echt te ferskowen troch de komst fan de faksins. As der aanst mear mooglik is troch it faksinaasjeprogramma of de legere besmettingsgraad, tink ik dat trouleveransiers miskien sels oerladen wurde mei koartetermynoanfragen.”

Undersyksopset
Om te ûndersykjen hoe’t it derfoar stiet mei houliken en troude Nederlanners yn 2020 binne ferskate databanken fan it CBS neistinoar lein en analysearre. Op basis fan dy data lûkt ThePerfectWedding.nl sawol lanlike as regionale konklúzjes oer houliken yn 2020.

febrewaris 21, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.