Fryslân – Skjinnerlân 47

febrewaris 1, 2021 07:00

Bouwe de Boer: Trochtraine!

Kollum

Oan ’e ein fan it jier wurde de statistiken fan Fryslân opmakke. Op it mêd fan it klimaat kin de skrik jin dan wol efkes om it hert slaan, mar der binne gelokkich ek in protte nije ûntwikkelingen te melden. Fryslân hie yn it ôfrûne jier 17 dagen mei nachtfroast, wylst 57 normaal is. Sûnt mei de mjittingen begûn is hawwe dat noch nea sa’n bytsje west.

Takomme jier 4 jannewaris sil it 25 jier lyn wêze dat de Alvestêdetocht op redens foar it lêst holden is. Noch nea wie in tuskenperioade sa lang. Dy 25 jier helje we grif, want koroana stiet it hâlden fan in tocht begjin 2021 yn ’e wei. Moandei 4 jannewaris fytste Joost Brinkman fan ‘Cycling 4 Climate’ mei in tal freonen de Alvestêdetocht om lanlik omtinken te freegjen foar it útbliuwen fan dat nasjonaal ikoanysk evenemint. Dat wie goed, want de need yn de wrâld nimt sichtber ta.

Amearika slút him wer oan by de klimaatambysjes fan Parys, en Europa skerpet de doelstellingen alwer oan. It Europeeske doel is om no 55% CO2-reduksje yn 2030, ferlike mei 1990. Dat wie 45%. Dêr wurde hûnderten miljarden oan keppele. Nasjonaal sille de maatregels fan it kabinet hieltyd mear te fernimmen wêze. It plantsjen fan beammen bygelyks wurdt in belangrike maatregel. Der komme nije wetten, nije subsydzjemooglikheden en nije finansieringsregelingen.

Wat docht Fryslân yn 2021?
Sille we dêr lokaal wat fan fernimme? Rekkenje dêr mar op! Krekt yn Fryslân sille der dit jier in protte ûntwikkelingen te sjen wêze. It sil oangean mei Wynpark Fryslân. Op de Iselmar sille de 89 wynmûnen stroom leverje foar sa’n 100.000 wenningen. Oan de súdkant fan Ljouwert wurdt begûn mei it oanlizzen fan in geotermyboarne, dêr’t fan 2 km djipte op termyn tûzenen wenningen en kantoaren waarmte út oanbean krije. Bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum en Van Wijnen It Hearrenfean gean fierder mei it útbouwen fan harren fabriken dêr’t jierliks tûzenen wenningen yn fabrisearre wurde. Allegearre enerzjy-neutraal, sûnder gebrûk fan ierdgas. De Fryske wenningboukorporaasjes hawwe mei-inoar sawat 100.000 wenningen. Alle jierren wurde tûzenen dêrfan fan it ierdgas helle.

Sa drage hieltyd mear partijen lytse stientsjes by. Dat sil yn de kommende jierren útgroeie yn in ûnwrikber fertrouwen dat dy Alvestêdetocht binnen fiif jier wer ferriden wurde kin. Wy traine troch!

Elkien ferduorsumet jierliks hûnderten wenningen. Foto © Elkien

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.

 

febrewaris 1, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.