Fryslân DOK: Klaas Koopmans

febrewaris 4, 2021 08:48 Fernijd

Hûndert jier nei syn berte bringt Fryslân DOK op 6 en 7 febrewaris in nij portret fan de keunstskilder Klaas Koopmans. Hy skildere it Fryske lânskip en makke djippe yndruk mei syn gestichtstekeningen.

Klaas Koopmans (foto: Omrop Fryslân)

Klaas Koopmans (Garyp, 1920-2006) waard bekend troch syn ekspresjonistyske skilderijen fan it Fryske lânskip. Mar miskien noch wol mear troch de ynkringende tekeningen dy’t er makke doe’t er yn in psychiatryske ynrjochting opnommen wie. Yn Museum Dr8888 is ein 2020 in oersichtstentoanstelling fan syn wurk ynrjochte, ûnder de titel ‘Waanzinnig!’ It museum hopet dy nei de lockdown opnij ûnder de oandacht te bringen.

Klaas Koopmans heart by de kanon fan de Fryske keunst. Mei fjouwer befreone skilders foarme er de groep ‘Yn ‘e line’ en fertsjintwurdige sa it ekspresjonisme yn de regio. Lykas de keunstners fan De Ploeg dat diene yn Grinslân. Koopmans waard gauris opnommen yn in psychiatryske ynrjochting, soms moannenlang. Hy sketste dan syn meipasjinten en it personiel. Hûnderten gefoelige en troffen tekeningen fan minsken yn ‘e ferdrukking binne dêr it resultaat fan. Pas ein santiger jierren mochten dy foar it earst oan it publyk toand wurde, fanwege de taboesfear dy’t der lang omhinne hong. No meitsje de tekeningen diel út fan museumkolleksjes.

“Als ik mij zwak voel dan ben ik machtig”
De basis fan dizze Fryslân DOK is de dokumintêre dy’t Piter Tjeerdsma yn 1991 makke fan Klaas Koopmans. Syn eigensinnige karakter en wurk spat fan it skerm. Dochter en galeryhâlder Anje Wester en soan Gosse Koopmans, sels ek keunstner, jouwe har persoanlike fyzke op harren heit en syn wurk.

Jan Henk Hamoen follet dat fierder oan. Hy koe de djipleauwige Klaas Koopmans fan doe’t er as jonge dominy yn Garyp wurke. “Als ik mij zwak voel dan ben ik machtig” is in sin út ien fan de brieven fan Paulus (2 Korintiërs 12:10), oanhelle troch Koopmans. Hy ûnderfûn it as stipe en ynspiraasje om it soms drege libben en skeppend wurk folhâlde te kinnen.

Fryslân DOK: ‘Klaas Koopmans – 100 jier, “Als ik mij zwak voel dan ben ik machtig”‘
Sneon 6 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 7 febrewaris 13.10)
Snein 7 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 4, 2021 08:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.