Fryslân DOK: ‘De wite wale’, oer molke

febrewaris 25, 2021 08:51 Fernijd

‘Joris Driepinter’. ‘Melk is goed voor elk’. ‘Melk, de witte motor’. Generaasjes binne opgroeid mei de reklameslogans fan de suvelyndustry. De wite motor wurdt ek eksportearre nei Afrika en Azië. Mar hoe sûn binne dy molkeprodukten eins? Dêr giet de Fryslân DOK ‘De wite wale’ oer dy’t op 27 febrewaris te sjen is by NPO2 en op 28 febrewaris by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Nederlanners binne grut wurden mei it idee dat de suvel fan ús lân miskien wol de bêste fan de wrâld is. Dêrom produsearje wy folle mear as dat wy sels nedich hawwe. Programmamakker Bart Kingma: “Melkfeehâlderijen hawwe groei as belangrykste doel. Op krityk as miljeufersmoarging, of skea oan de biodiversiteit, is it antwurd dat se meitinke oer duorsumer wurkjen, en dat se de wrâld fiede mei sûne molkeprodukten. Ik ûndersykje oft dy sûnensclaim wol kloppet.”

Foto: Omrop Fryslân

De gearstalling fan molke
De gearstalling fan molke is feroare yn de ôfrûne fjirtich jier. Kingma: “Eartiids iet in ko gers, no wurdt er byfuorre mei soaja en mais om mear molke te jaan. Dat byfuorjen soarget derfoar dat der oare en mindere fetsoeren yn sitte.”
De Europeeske suvelmerk is fersêde, it grutste sûnensprobleem spilet him ôf yn Afrika en Azië, dêr’t de suvelyndustry in soad omset hellet. Omdat in grut part fan de wrâldbefolking laktoaze-yntolerant is, wurde de molkeprodukten mei sûker bewurke. Kondinsearre molke bestiet bygelyks foar 45 persint út sûker.
En it wurdt noch minder sûn. Molke bestiet út molkpoeier, molkefet en wetter. Om de molke makliker oer de wrâld te ferfieren wurdt it wetter derút helle. Mar de sûne molkefetten wurde der ek út helle en ferfongen troch goedkeapere fetten, bygelyks palmoalje. Mei it weardefolle molkefet wurdt op in oare wize jild fertsjinne.

Suvel en sûnens
Yn de Fryslân DOK ‘De wite wale’ in ynterview mei Remko Kuipers, promovearre yn de evolúsjonêre genêskunde. It minsklik lichem is net geskikt foar molkekonsumpsje, stelt Kuipers. Ton Baars, ûndersiker feehâlderij en molkekwaliteit yn de biologyske lânbou, fynt dat de suvelyndustry stjoere moatte soe op molke mei sûnere fetsoeren. Twa Fryske ûndernimmers, Catharinus Wierda en Jan Bles, komme ek oan it wurd. Beide wolle op eigen wize de suvel in nije en sûnere takomst jaan.

Fryslân DOK: ‘De wite wale’
Sneon 27 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling snein 28 febrewaris 13.10)
Snein 28 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

febrewaris 25, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.