#FryskSichtber: meitsje it Frysk sichtber op Ynternasjonale Memmetaaldei

febrewaris 20, 2021 08:56 Fernijd

Op snein 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dy dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat Praat mar Frysk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elkenien kin fansels meidwaan. 

Foto: Praat mar Frysk

De hiele wike al hat Praat mar Frysk foto’s sammele fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Moaie  Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske  teksten, lykas nammen op gevels, wurden op de muorre, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch. Dêrneist is it foaral in oprop. Hast in bedriuw? Betink wêr en hoe oftsto it Frysk sichtber meitsje kinst en lit it resultaat sjen. Om koart te gean: meitsje sels it Frysk safolle mooglik sichtber yn de iepenbiere romte.

“It is foar de brûkers fan in taal wichtich dat de taal ek sichtber is yn de iepenbiere romte en by  bedriuwen en online,” fertelt projektlieder Mirjam Vellinga. “It soarget foar mear status en  bewustwêzen en it hat in sinjaalfunksje. It jout oan dat de taal ek brûkt wurde kin. En dizze aksje lit  sjen datst sels maklik wat dwaan kinst foar dyn taal.”

Fan 21 o/m 28 febrewaris sil Praat mar Frysk de ynstjoeringen diele fia de sosjale-mediakanalen. Sa  wurdt it Frysk ek online mear sichtber. Eigen foto’s direkt diele kin fansels ek. Minsken kinne dan de hashtag #FryskSichtber brûke.

febrewaris 20, 2021 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.