Fryske boeren krije advys op eigen hiem

febrewaris 6, 2021 08:54

Ynkoarten kinne Fryske boeren mei harren bedriuwspesifike kennisfragen oer natuerynklusive omrinlânbou by de Landbouwadviespool (LAP) terjochte. De pool is in netwurk fan ûnôfhinklike, net-kommersjele adviseurs dat Fryske boeren op harren hiem helpt. Dêr slút Fryslân mei oan by inisjativen fan LNV om kennis oer ferskate aspekten fan natuerynklusive lânbou op it boerehiem te bringen. Living Lab Fryslân kriget in koördinearjende rol by de útfiering fan dy pool.

Foto: Wikipedia/Brian Robert Marshall – lisinsje CC BY-SA 2.0

Deputearre Klaas Fokkinga: “As provinsje wolle wy de oergong nei in natuerynklusive omrinlânbou mear gong jaan. Op it boerehiem komme in soad maatskiplike fraachstikken byinoar. Tagelyk moat dêr ek in goed stik brea fertsjinne wurde. Hokker plan makkest dan foar de kommende jierren? Wat is ienfâldich te feroarjen of ta te passen? Hoe hâlde guon dingen mei-inoar ferbân? Wat betsjut dat ekonomysk? Mei dizze Lânbou-advyspool besykje wy de Fryske boer by dy transysje op syn hiem te stypjen. Dat is in hiele moaie ûntwikkeling!”

De LAP wurdt opset yn it ramt fan de Fryske Lânbou-aginda, dy’t op inisjatyf fan de provinsje yn ‘e mande mei belanghawwenden út de Fryske lânbousektor opsteld wurdt. Om de transysje yn de lânbou mear gong te jaan, ferbynt de LAP belied en praktyk oant op it boerehiem. De LAP sil as fraachbaak foar boeren funksjonearje. It giet perfoarst net om in fysyk kantoar, mar om in pool fan saakkundigen dy’t mei kennis by de boeren komme. De saakkundigen lûke mei-inoar op mei in netwurk fan ûnderskate organisaasjes om beskikbere kennis te dielen.

Adviseurs beäntwurdzje de fragen fan de boeren. Dy dogge dat mei stipe fan in netwurk fan organisaasjes, lykas de agraryske kollektiven, lânbou- en natuerorganisaasjes, it Wetterskip, kennisynstellingen en de provinsje Fryslân. Bygelyks hoefolle krûderyk gerslân kin yn de bedriuwsfiering ynpast wurde? Of hoe kin mei de bedriuwsfiering op de stikstof- of feangreide-opjefte ynspile wurde? Ek kin bygelyks op it mêd fan bistewolwêzen advys frege wurde. Op it stuit binne der noch petearen mei ûnderskate organisaasjes om de LAP mei stal te jaan. Deputearre Fokkinga giet derfan út dat de Lânbou-advyspool yn ’e rin fan febrewaris úteinset.

febrewaris 6, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.