Freegje in fergees borduer- of nifelpakket oan foar de hiele famylje
Resint ferskynd
Hoewol’t it Frysk Museum noch yn elts gefal oant 3 maart ticht is, hoecht nimmen him yn de foarjiersfakânsje te ferfelen. Spesjaal by de nije útstalling Haute Bordure ûntwikkele ûntwerper Floor Nijdeken in borduerpakket om thús mei oan ’e slach te gean, begeliedende fideo’s ynbegrepen. It fergees oan te freegjen borduerpakket is aardich foar de hiele húshâlding. Mei in mailtsje nei info@friesmuseum.nl – mei namme, adres en tal húsgenoaten – is it te bestellen. Der is in beheind tal pakketten beskikber.
Podcast fan it Frysk Museum
It Frysk Museum komt spesjaal foar de útstalling Haute Bordure mei de podcast Voortborduren. Dêr binne ferhalen fan profesjonals en leafhawwers fan de borduerkeunst yn te hearren. Der komme ek in pear pronkstikken oan bod út de útstalling, dy’t foarearst fan 3 maart ôf te sjen is. De podcast is fan 13 febrewaris ôf te beharkjen fia Apple, Spotify en op www.friesmuseum.nl/podcast.
Nifelpakketten fan it Prinsessehôf
Spesjaal foar de krookjefakânsje kinne húshâldingen it Prinsessehôf yn ’e hûs helje mei in fergees nifelpakket. Yn in online wurkatelier, te folgjen fia de webside fan it museum, kin de hiele húshâlding in masker meitsje ynspirearre op de útstalling Human After All. Mei de ynstruksjefideo fan Sarah van der Meere en it nifelpakket op de itenstafel is elkenien de hiele middei dwaande, ek aardich foar de lytse bern. It fergeze nifelpakket is te bestellen troch in mailtsje – mei namme, adres en tal húsgenoaten – te stjoeren nei info@princessehof.nl. Op=op.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje