Frâns Kuipers: Dôfhûdige politisy

febrewaris 6, 2021 20:00

Kollum

Elkenien wit no sa stadichoan wol dat it koroanafirus, mei alderhande ‘mutaasjes’, net samar yn it hok te krijen is. Troch parsekonferinsjes fan Mark en Hugo en troch sjoernaals en telefyzjepraatprogramma’s wurde wy alle dagen ‘byspikere’ oer it hâlden en dragen fan Covid-19. Op it stuit is elkenien deabenaud foar de Ingelske, Súd-Afrikaanske en Meksikaanske mutaasjes, dy’t oeral yn Nederlân de kop op stekke. Yn Fryslân ek. Wittenskippers fan it Outbreak Management Team (OMT) fertelle Mark en Hugo dat de hiele boel eins folle langer ticht moat, mar se polderje oan ien stik wei mei de Twadde Keamer. Sjoch, de ferkiezingen binne kommendewei. Koroana is in ferkiezingsûnderwerp. Wopke Hoekstra slûpt stikem nei foaren en ropt: “De berne-opfang en basisskoallen meie ûnder betingsten, wer iepen!” Hy hat syn punt skoard. Earme Arie Slob, ûnderwiisminister, is in slach te let. Net al te bêst Wopke!

Pandemy
Doe’t koroana begjin 2020 Nederlân yn kaam, sei Rutte: “Wij zijn een nuchter volkje, wij laten ons niet gek maken.” Sa’n maklike opstelling bliek in enoarme flater te wêzen. Rutte hat it mier oan in fyzje en ek oan sosjologen dy’t wat fine fan it hâlden en dragen fan rebûljeskoppers. Wy libje yn in tiid fan tichtplicht (lockdown) en jûnsklok. Straffe wy ússels om’t wy ús net genôch oan de ôfprate maatregels hâlde? De earnst fan Covid-19 moat der blykber ynraamd wurde. De fraach is: As it mûlemasker helpt en as de measte winkels, restauranten en kroegen ticht moatte, wêrom nimme besmetting en syktesifers dan net ôf?

Plysjes
By de yngong fan supermerken steane – meastal jonge – meiwurkers om winkelkarkes en ‑kuorkes skjin te spuitsjen. In maklik bybaantsje. Mar se spylje ek de plysjeman of ‑frou, want geregeldwei hear ik: “Tinke jo wol om jo mûlemasker? Oh, sorry, en dan wurde de maskers gau opset. Mei ‘besleine’ bril skarrelje ik nei de winkelpaden om te pakken wat ik nedich haw. Sa rûn myn eardere buorman mei syn karke sûnder mûlemasker troch de winkel. “Kin dit samar Jan?”, frege ik him. “Jawis”, sei er. “Ik haw frijstelling fanwegen sûnensskea troch it dragen fan in masker. Fierwei de measte winkeljende minsken droegen in mûlemasker. Se binne der yn alle soarten, mar de measten binne ljochtblau.

Gjin geseur
De jûnsklok is it resultaat fan oerlis mei de Twadde Keamer. De mearderheid beslist, sa is it yn in demokrasy regele. It wie wol in kwestje fan hantsjebakken tusken njoggen oere of acht oere. In goeie Fries biedt de helte; it is healwei njoggenen wurden. Hawar, as dy ekstra needmaatregel helpe kin om koroana derûnder te krijen, dan moatte we net seure. Op ’e tiid nei hûs ta. Klear. De âlderein dy’t de oarloch 40-45 meimakke hat, kriget somtiden fisjoenen oer de ‘spertiid’, dy’t de Dútske oerhearskers harren doedestiids opleine.

Rebûlje
It doch bliken dat alle maatregels foar jongelju min fol te hâlden binne. Dy wurde mismoedich en mankelyk. Se wolle derút en wat belibje; soks heart by it jong wêzen. Neat mis mei; goed sels. Yn guon stêden soargen rebellearjende jongelju foar in enoarme opskuor. Guon groepen begûnen te fernielen en winkels te plonderjen. ‘Kofjedrinke’, neame relskoppers soks op Facebook, tiktok en ynstagram. Wy ha allegearre de bylden sjen kinnen op telefyzje. Beskamsum, ek foar de âlden fan dy jongelju. Fuotbalsupporters (Eindhoven) en boeren mei trekkers wiene ree om de plysje te helpen. Hannen ôf fan ús stêd en winkels. Hulde.

Frijheid
It gedonder begûn snein 25 jannewaris yn Amsterdam. Groepen demonstranten kamen telâne tusken groepen riljende jongelju. Nei in oprop fan de plysje oan demonstranten om fuort te gean, bleauwen de measten dochs op de Dam. Fuortgean stie heaksk op ‘frijheid’. Se wiene net om ’e nocht oan it demonstrearjen, dochs? Demonstranten woene sjen en hearre litte dat Nederlân feroaret yn in diktatuer. Se sieten ek bot yn noed oer it ynstoarten fan de Nederlânske ekonomy. Populistyske politisy holpen harren in hantsje. Beskamsum.

Unbegryplik
Wat ik net sa goed begryp is dat de measte politike partijen wolle dat Nederlân weromgiet nei it eardere ‘normaal’. Sawol de VVD, it CDA, mar ek de PvdA en D66 fine dat, ekonomysk sjoen, Nederlân en wrâld gewoan trochgean moatte, sa’t dat gie. Fan partijen as Foarum foar Demokrasy en de PVV kin ik dat begripe. FfD-politikus Thiery Baudet leaut allinne mar yn himsels. Hy ferklearret elkenien dy’t fynt dat koroana slimmer is as in grypke, foar gek. Hy is oertsjûge fan syn gelyk. Mar, hawwe wy dan neat leard fan dizze pandemy? Binne de measte politike partijen en harren politisy sa dôfhûdich? Moatte wy wer oeral hinne fleane kinne, wylst we witte dat firussen troch reizgers oer de wrâld ferspraat wurdt? As elkenien faksinearre is, soe alles wer goed komme. Unbegryplik.

Dit is Frâns Kuipers syn lêste geregelde sneontejûnskollum. Tenei lit er fan him op ûngeregelde tiden hearre as de politike en sosjale omstannichheden dêr oanlieding ta jouwe.

 

febrewaris 6, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.