Fideo: Myn berop is streektaal

febrewaris 7, 2021 13:03

Wat docht eins in streektaalmeiwurker? It tafal wol dat koartlyn trije minsken begûn binne yn funksjes dêr’t de soarch foar in lytse taal tige wichtich yn is. Yn de ûndersteande fideo fiere se mei-inoar in meartalich petear oer harren wurk, harren winsken en ferwachtingen en oer mooglikheden om gear te wurkjen en fan oare lytse taalmienskippen ideeën op te dwaan.

Abel Darwinkel (1968) is sûnt oktober 2020 direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte. Dêrfoar hat er lang by de Drintske streektaalorganisaasje Huus van de Taol wurke. Hy wennet yn Appelskea.

Helen Christiansen (1991) is yn novimber 2020 begûn as haad fan it Minderheiten-Kompetenz-Netzwerk, de belange-organisaasje fan de taalminderheden yn de Dútsk-Deenske grinsregio. Dat binne de Dútsktaligen yn Denemarken, de Deensktaligen yn Dútslân, de sprekkers fan it Platdútsk en Súd-Jutsk, de Noard-Friezen, de Sinty en Roma. Se hat earder ûnder oaren foar Omrop Fryslân wurke en wennet yn de Noard-Fryske haadstêd Hüsem.

Henk Wolf (1973) wurket sûnt novimber 2020 as wittenskiplik meiwurker by de Oldenburgische Landschaft, dêr’t er neist ûndersyk ek de promoasje fan it Sealterfrysk op ‘e noed hat. Fierder wurket er foar it Frysk ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hat earder ûnder oaren foar hegeskoalle NHL Stenden, de Fryske Akademy en de Afûk wurke. Wolf wennet yn it Grinslânske Lula. Hy hat de fideo foar It Nijs makke.

 

febrewaris 7, 2021 13:03
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Erwin2.0 jannewaris 31, 21:32

    Minderheidstalen binne ynienen ek streektalen? Dêr binne hiele dúdlike ferskillen. Kom no, It Nijs, jim witte dochs wol better?

  2. H. jannewaris 31, 23:32

    Taal, streektaal, regionale taal, minderheidstaal – ja, sels dialekt. It binne allegear termen dy’t de iene sus en de oare sa brûkt. Offisjele definysjes binne der net en yn de taalkunde makket net ien him der ferskriklike drok oer hokker term oft der brûkt wurdt. It is foaral in politike die om fûl foar de iene of tsjin de oare term te striden, mar in wetlike of wittenskiplike basis dêrfoar is der eins net.

  3. Erwin2.0 febrewaris 1, 09:51

    Fansels binne der wol definysjes. In minderheidstaal is de taal fan in nasjonale minderheid en dy fan in streektaal net. Wurdt ek sa brûkt.

    It is ommers ek it Europeeks Hânfêst foar Regionale OF Minderheidstalen.

  4. H. febrewaris 1, 10:26

    Dat is _in_ definysje dy’tst hantearje kinst, sa’tst wittefolle oare definysjes brûke kinst. In juridyske definysje is it, lykas sein net.

    ‘Streektaal’ komt (nei alle gedachten as fersin) ien kear foar yn de Nederlânske ferzje fan it Hânfêst, dat yn 1996 troch de Twadde Keamer goedkard is. ‘Nasjonale minderheid’ bestiet as offisjeel begryp pas sûnt de goedkarring fan it Ramtferdrach troch de Twadde Keamer yn 2005.

    Yn de Nederlânske ferzje fan it Hânfêst komt it begryp ‘minderheidstaal’ trouwens net foar. Op dy iene kear ‘streektaal’ nei wurdt der konsekwint praat oer ‘regionale talen of talen van minderheden’. Dy wurde tegearre as ien begryp definiearre, sûnder dat de wet in ûnderskied yn definysje makket.

    Sjoch: https://wetten.overheid.nl/BWBV0001223/1998-03-01#Verdrag_2

  5. Erwin2.0 febrewaris 1, 12:14

    Wêrom soe it regear dêr noch mear oer skriuwe moatte? It stiet dochs boppe it ferdrach ‘regionale talen’ of ‘minderheidstalen’? Diskusje is goed, mar hjir stiet hiel dúdlik it wurdsje ‘of’ tusken. Bist it ien of it oar. En dat Nederlân dat fierder net ynfolje wol liket my logysk.

  6. Henk febrewaris 1, 13:12

    Harkje en sjoch no ris even. ‘Minderheidstalen’ komt net yn de tekst fan it Hânfest foar. Yn kêst 1.a.i. wurdt ‘regionale talen of talen van minderheden’ as ien begryp definiearre. Lês dy tekst no ris.

    It makket fierder ek net út wat it Hânfêst seit. Asto de term ‘streektaal’ en ‘minderheidstaal’ útinoar hâlde wolst, prima. Jou oan wat dyn definysjes binne, dan is dúdlik watst bedoelst.

    Ik fyn – en dat is persoanlik – sokke diskusjes oer begripen net sa nijsgjirrich. Oer definysjes kinst altyd redendiele en dat is pas sinfol op it stuit datst mei juridyske saken dwaande bist en in term brûkst dy’t yn in wet fêstlein is. Yn it filmke prate Abel, Helen en ik oer ús wurk foar “lytse talen dy’t yn ‘e knipe sitte”. Wy neame se hjir ‘streektalen’. Dy’t leaver in oare term brûkt, kin syn of har favorite term der gerêst foar ynfolje. Dat is my allikefolle.

  7. Erwin2.0 febrewaris 1, 15:52

    Dus it binne noch hieltyd twa begripen dy’t hjir lykslein wurde…

    “In relaasje kinst oangean mei in man of frou. Man of frou binne minsken.” Dat man en frou beide minsken binne en wannear’t wy dan yn in tekst allinnich noch mar oer minsken prate, betsjut dochs net dat ‘man’ en ‘frou’ net mear besteane? Ek al soenen se juridysk as minsken lykslein wurde?

    Yn Dútslân wurdt altyd praat fan ‘de fjouwer minderheidstalen’ en de ‘regionale taal Platdútsk’. En wat is dêr mis mei?

    Gefoelsmjittich wurd ik der net echt bliid fan dat myn taal oantsjutten wurdt as ‘streektaal’. It klinkt suver itselde as dialekt.

  8. H. febrewaris 1, 16:26

    Nee, yn Dútslân wurdt praat fan ‘Minderheitensprachen’ en ‘Regionalsprache’. Dêr is neat mis mei.

    Lês no ris wat der yn dat kêst fan it Hânfêst stiet, ast dat sa noadich as rjochtsnoer brûke wolst (en om my hoecht dat helendal net). Dy twa termen wurde tegearre as ien begryp definiearre. It stiet der letterlik.

    Ik gun elk syn gefoelens en foarkarren. Dy’t in term net brûke wol, moat dat net dwaan. Mar dyselde moat my ek net korrizjearje wolle omdat ik oare gefoelens en foarkarren ha.

    En wat ‘of’ oangiet: ‘of’ kinst ek brûke om in synonym oan te jaan: ‘Kanzi is een bonobo of dwergchimpansee’. ‘De hear Jetten (of Wolter) hat in moai learboek skreaun’. ‘Het Saterland of Sagelterland ligt in een uitgestrekt veengebied’.

    Wy ha gjin idee hoe’t de skriuwers fan it Hânfêst it bedoeld ha, wol dat se de begripen net apart fan inoar definiearje. Mar dat makket allegear net út, it binne gjin wetlik beskerme begripen, brûk se sa’tst se brûke wolst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.