Ferliking fan Welske taalbeweging mei apartheid kostet man syn baan
Resint ferskynd
Yn Fryslân sil men net sa fluch dien krije as men lêbet oer it Frysk en de Fryske beweging. De kranten steane bytiden fol mei raar praat oer de memmentaal fan ‘e measte Friezen en de lange beweging om de Frysktaligen op syn minst deselde rjochten te jaan as de Hollânsktaligen. Yn Wales binne se wat fûler. Dat hat James Moore ûntdutsen. Dy krige dien fan syn wurkjouwer nei’t er op Facebook in pear anty-Welske opmerkings set hie ûnder in nijsberjocht dat twa skoallen mear lessen yn it Welsk oanbiede soene.
“It Ingelsk is it wichtichste eksportprodukt fan it Feriene Keninkryk”, skreau er – yn it Ingelsk, fansels. “It jout ús mei ús allen in enoarme foarsprong yn de wrâld. Alles wat dêr in bedriging foar foarmet om nasjonalistyske drammers temjitte te kommen, is skealik foar ús allegear.”
Dêr bleau it net by. Moore ferlike de Ingelskpraters yn Wales mei de swarte befolking fan Súd-Afrika yn de tiid fan ‘e apartheid. Hy frege him ôf oft minsken dy’t gjin Welsk koene, no ek net mear yn deselde bus sitte mochten as Welsktaligen. Fierders skreau er: “Is it, krekt as yn Súd-Afrika, dêr’t de blanken in lytse minderheid wiene, tiid dat de tachtich persint net-Welsktaligen yn opstân komme tsjin de ûnderdrukkers om in ein te meitsjen oan de oanhâldende apartheid?!”
Moore sei fierder dat twataligens yn in protte parten fan ‘e wrâld wat prachtichs is, mar dat de Welske twataligens Wales de ûntwikkeling fan Wales yn it paad stie.
Moore komt út de Ingelske regio Sheffield en wurke sûnt oardel jier as manager by HEIW, in Welsk opliedingsynstitút foar ferplegend personiel. Dêr foelen syn kommentaren net goed. In wurdfierder sei dat HEIW it Welsk just stipet. Moore waard oan HEIW útliend troch in oare medyske organisaasje yn Wales. HEIW hat it útlienkontrakt opsein en Moore moat werom nei syn âlde baan – ek yn Wales. Hy wennet yn it greefskip Sir Gâr / Carmarthenshire, dêr’t 43 persint fan ‘e befolking Welsk praat.
De saak hat yn Wales foar fûle diskusjes soarge. Eluned Morgan, de Welske minister foar taalsaken, spuide raar guod fan de apartheidsferlikings fan Moore.
ferpleegjend p
bûge/bûgje, rize/riizje, printe/printsje, ferplege/ferpleegje:
http://gtb.inl.nl/iWDB/search?actie=article&wdb=WFT&id=23573&lemma=ferplege&domein=0&conc=true
Ik lies in stik oer financiële
stipe foer it Frysk.
Ek gie it oer in staveringshifker foar de gsm. No ha ik yn de ynstelling fan myn tillefoan, by talen. as twadde taal Frysk ynfult. En myn toetseboerd is in SwiftKey fan Microsoft. Hjir wurde foarprogrameare wurden as hânrikking jún as oanfulling yn in sin. Dus de gsm yn ynstellings oanpasse, dan hast al inmoaie steun yn it skriuwen yn it frysk