Feie Fonyk hâldt fan lyryk

febrewaris 11, 2021 18:57

Foto Bûtefjild, tongersdei 11 febrewaris, Feie Fonyk

Jo sille op dit stuit yn Amsterdam of ien fan de oare grutte stêden fan ús lân wenje. Nee, dan hawwe wy it yn Fryslân better troffen. Sa hawwe wy yn Hurdegaryp it iis fan de Ryptsjerkster polder op fytsôfstân. Spitich dat it iis dêr sa min is troch de snie fan ôfrûne wykein. Dochs wie it drok woansdeitemiddei, in soad âlden mei bern. Yn it bûtenfjild yn it noardeasten fan it doarp, yn it Bûtefjild, giet it stikken better. Troch de hurde wyn en it djippe wetter lei it langer iepen. Der kin op it stuit omraak riden wurde, oan de Falom ta.

Doe’t ik thúskaam fan it reedriden, betocht ik dat in winter fan jierren lyn my al ris ynspirearre ta in liet:

Winterleafde

Nea sil ik wer dy dei ferjitte.
‘t Wie in winterdei en kâld.
Grut strekich riedsto my temjitte
op it iis fan Earnewâld.

De wyn de rûsde troch de reiden.
De loft wie blau, dyn mûtse read
De wrâld dy like foar ús beiden
op dy smûk beferzen feart.

De guozzen fleagen oer ús hinne.
Ik seach omheech, ried tsjin dy oan.
No koe ik dy net mear ûntrinne
op dizze moaie wintermoarn.

Tegearre binn’ wy fierder riden.
Gelokkich yn dy wite wrâld
Do rydst rjochts en ik fansiden
oer it iis fan Earnewâld.

Wy rieden eltse dei dy wike
oer marren, fearten, eineleas.
Nea fûn ik ien dy’t like
op dy, sa fluch en leaf en kreas.

“Silst dit no net ferjitte”,
flústeresto hiel sêft tsjin my:
“Nea moatsto my ferlitte,
want do witst, ik hâld fan dy.”

Dêrnei begûn it iis te teien
en teide ek dyn leafde foar my.
It hat gjin doel deroer te kleien,
‘t waard ommers maitiid, ik wie wer frij!

 

febrewaris 11, 2021 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.