Feie Fonyk: Gelokkich grutte ferskillen tusken bern

febrewaris 4, 2021 15:30

Op dit stuit meitsje in soad minsken har drok oer de takomst fan de bern. Se sitte aanst al twa moanne thús. “De efterstannen rinne op. Se hâlde der it hiele libben lêst fan.” Jo kinne soks leauwe. Ik leau der neat fan. It is ûnsin. Ik haw wol begrutsjen mei de bern. As der eat by bern past, dan is it boartsje mei oare bern en dat kin no eins net. Ik tink dat de measte bern dêrom deabliid binne dat se wer nei skoalle kinne.

Basisskoallebern krije yn Nederlân minstens 8 x 40 wiken ûnderwiis. Fan dy 320 wiken ha se no fan desimber ôf seis wike langer thús west as gewoan, want de krystfakânsje tel ik net mei. Dy seis wike makket foar it learen neat út. Boppedat binne der bern dy’t thús like folle, as it net mear is, opstekke as op skoalle.

Dan moatte we net út it each ferlieze dat de ferskillen tusken bern altyd al folle grutter binne as de measte âlden tinke. Oan de ein fan de basisskoalle is it ferskil yn ûntjouwing oprûn ta minstens trije jier. Dat betsjut dat in foarlik bern fan groep 6 mear kin en wit as guon bern fan groep 8. By de fuotballerij sjocht net ien frjemd op as der in jonkje fan in jier as alve noch gjin bal goed reitsje kin, mar as it op it learen oankomt, dan wurdt der ynienen oer efterstân praat.

Dy jonge hellet dat famke net yn.

Dat wurd efterstân suggerearret dat soks yn te heljen is. No, dat is it net. Der binne famkes fan tolve jier dy’t mei it heechspringen yn de gymnastykseal 40 sintimeter heger springe as in jonkje dat like âld is. Dy jonge sil dat famke nea ynhelje. Dy efterstân is bliuwend. Gelokkich binne de ferskillen tusken minsken grut.

Sa is it ek mei it learen. Minsken wolle hawwe dat de skoalle alle bern deselde kânsen jout en dat moat, mar hâld goed yn ’e gaten dat de útkomst net gelyk is. Oanlis, motivaasje en omjouwing binne wichtige faktoaren en der hat de skoalle net in soad ynfloed op. It stribjen nei mear en mear, heger en heger makket bern ûngelokkich en is maatskiplik net winsklik. Fier dus de ferskillen en hâld op mei it geëamel oer efterstân. Us maatskippij kin allinne goed funksjonearje mei minsken mei ferskillende ambysjes en opliedingen en dat betsjut net dat de heechste oplieding de bêste is. Net foar de persoan en net foar de mienskip.

 

febrewaris 4, 2021 15:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.