Feie Fonyk: Betaaste, beknipe en bestrike

febrewaris 18, 2021 14:55

Kollum

Foto: Independer

It seit himsels dat it foar in soad minsken op it stuit ûnmooglik is om de kost te fertsjinjen. De hoareka, it teäter, de bioskoop en in grut part fan de winkels, it leit allegearre stil. Dy Willem Engel is in gefaarlike healwizeling, mar ik jou him gelyk dat it sa net tiden trochgean kin. Ik haw foar it lêst nei de kapper west yn de earste wike fan desimber, dus begjin ik derút te sjen as in boskduvel. Myn kapster hat it der swier mei, om fan sekswurkers en oare kontaktberoppen net te praten.

Op woansdei 17 febrewaris hiene de haptoterapeuten in grutte advertinsje yn lanlike deiblêden. Dy hawwe it ek swier, want de wachtlisten fan de GGZ wurde grutter en se meie der neat oan dwaan. Op 9 febrewaris hawwe se dêrom in petysje oan de minister oanbean. Se freegje De Jonge oft se helpe meie, want se binne nedich om de gefoelens fan psychysk leed, fan somberte, iensumens en stress te bestriden.

Dy terapeuten dogge dat troch dy oan te reitsjen. Dêrnei kinst dyn blokkaden better fiele, is dyn immuunsysteem sterker wurden en kinst yn kontakt komme mei dyn djippere sels en gefoel. Dat binne ûnmisbere ûnderfiningen. Sa kaam ik koartlyn yn kontakt mei myn djippere sels doe’t ik mei myn rjochterreed by De Falom yn in grutte skuor kaam. It joech in apart gefoel om dêrnei langút op it iis te lizzen.

Om earlik te wêze hie ik nea fan haptoterapy heard, wol fan oare oanfoljende of komplemintêre genêskeunst. Jo moatte sok striken, knipen of kideljen fan haptoterapeuten sels betelje. By de measte fersekeringen kin it betelle wurde út in oanfoljend pakket. Guon fersekeringen jouwe gjin fergoeding foar dy terapy.

Ik bin derfan oerstjûge dat strikerij, kniperij en je yn bochten wringe litte, helpt. Dat jildt foar alle ekstra war dy’t jo dogge om gefoelens fan mismoedigens kwyt te reitsjen. Sa draaft ús buorfrou in pear kear yn de wike fan Hurdegaryp nei Tytsjerk en werom. Se makket op my in fleurige yndruk.

Alle ekstra war helpt, benammen draven.

Minsken hâlde fan striken, net oeral en altyd, dat net. Der binne minsken dy’t om dy reden in kat nimme. Dan kinne se derop omstreakje. Katten fine dat prachtich. Dochs haw ik twivel by dy haptonomy, ik bedoel tsjin dy betelle strikerij. De ‘Vereniging tegen Kwakzalverij’ hat der ek net folle mei op. It skynt dat de grûnlizzer fan dy alternative streaming, de fysioterapeut Frans Veldman (1921–2010), yn in wat fierder ferline demonstraasjes joech yn ’e bleate kont.

Yn deselde krante seach ik in sidegrutte advertinsje fan Intratuin. Dy binne derfan oertsjûge dat túnkjen in bewiisd effekt hat op de sûnens, want do boust oan dyn wjerstân, bliuwst fit en fleksibel, bringst dyn holle ta rêst en troch bûtendoar te wêzen makkest fitamine D oan. Foar minsken dy’t te skiterich binne om de doar út te gean, hawwe wy VitaePro, dêr’t Erben Wennemars reklame foar makket. Dat multyfitaminemiddel “ondersteunt het immuunsysteem”. Wat wolle jo noch mear yn dizze gefaarlike tiid. It kost mar 20 euro yn ’e moanne. Dan hoechst dy net beknipe, betaaste, bestrike of kidelje te litten.

De foto komt fan “Wat is haptonomie en haptotherapie”

febrewaris 18, 2021 14:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.