Fearn minder strânôffal yn en by de Noardsee as tsien jier lyn

febrewaris 19, 2021 08:45 Fernijd

Fan ’e wike publisearret Stichting de Noordzee de nijste sifers fan strânôffalûndersyk foar langere tiid. Sûnt 2001 fiert de miljeu-organisaasje yn opdracht fan Rykswettersteat strânôffalmonitoaringen út by de Nederlânske Noardseekust del. Mei in analyze fan tweintich jier strânôffalûndersyk is in belangrike tebekrinnende trend fêststeld: de strannen wurde skjinner.

Foto: Stichting De Noordzee

Hieltyd minder ôffal op it strân
Der leit no 27% minder ôffal op it strân as tsien jier lyn. Dat lit Stichting De Noordzee sjen mei it rapport ‘Goed op weg naar een schone zee’. De stifting analysearre data fan tweintich jier strânôffalûndersyk op net-toeristyske strannen. Undersikers fan Wageningen University & Research wiene by de data-analyze behelle en befêstigen de signifikânsje fan de trend. Yn de earste tsien jier (2001-2010) binne der yn trochsneed 388 stiks ôffal de hûndert meter oantroffen, yn de perioade dêrnei (2011-2020) rûn it trochsneed tebek nei 282 stiks ôffal de hûndert meter. Foaral it tal ballonnen en fiskerijrelatearre ôffal wie dúdlik minder. Ballonnen binne dêrtroch ferdwûn út de top fiif fan meast fûn strânôffal. Hoewol’t ôffal fan de fiskerij noch hieltyd op nûmer 1 stiet, wurdt it minder fûn en rint it oanwiisber tebek.

Stichting De Noordzee fierde in kwalitative analyze út fan de ferskate oarsaken. Trije wichtige faktoaren drage neffens de stifting by oan de trendbrek. Alderearst is der hieltyd mear omtinken foar swalkôffal, foaral foar plestik yn see en dêrtroch groeit it draachflak foar de oanpak. Twad is der lokaal, nasjonaal en ynternasjonaal belied ynfierd dat goed wurket, lykas gemeenten dy’t it oplitten fan ballonnen ferbiede, in nasjonaal ferbod op fergeze plestik taskes en ynternasjonale wetjouwing foar it loazen fan ôffal op see. Ut de data docht bliken dat nei it ynfieren fan dat belied in protte minder ballonnen, minder plestik taskes en minder ôffal fan de skipfeart oanspiele. Tred sette boargers, it bedriuwslibben en maatskiplike organisaasjes har hieltyd mear yn foar in skjinne see, troch bygelyks it strân op te romjen en de fasiliteiten foar ôffalôfjefte yn havens te ferbetterjen. Mei troch de ynset fan de Nederlânske fiskerijsektor wurdt dêr minder ôffal fan oantroffen. Der wurde jierliks ek tonnen ôffal ôpfiske en oan lân brocht mei it Fishing for Litter-projekt.

De stifting ropt de oerheid op om de Europeeske Rjochtline foar fuortsmytplestik sa gau en effektyf mooglik yn te fieren en dêrby de kâns oan te gripen om mear fuortsmytplestik te ferbieden en yn te setten op it werbrûken fan materiaal.

febrewaris 19, 2021 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.