Fannijs parlemintsmearderheid foar ûnôfhinklik Kataloanië

febrewaris 16, 2021 23:51

Ofbylding: Wikipedia/Mutxamel-Rastrojo

De partijen dy’t foarstanner binne fan in ûnôfhinklik Kataloanië hawwe by de ferkiezings fan snein in mearderheid yn it Katalaanske parlemint krige. De partijen Junts, ERC, CUP en Podem hawwe no 51 persint fan de sitten.

De grutte ferskowing wie de winst foar de sosjaal-demokratyske PSC-PSOE, dy’t tsjinstanner fan de ôfskieding is. Dy partij is no de grutste, al sitte Junts en ERC der ticht by wat it tal sitten oanbelanget. De tradysje yn Spanje is dat de grutste partij as earste besykje mei om in regear te foarmjen. As dat slagget, sille de bannen tusken Madrid en Barcelona grif freonliker wurde, mei’t de sosjalistyske partijen fan Kataloanië en Spanje op goede foet mei-inoar steane. De fraach is lykwols oft de ûnôfhinklikheidssinnige partijen mei de sosjalisten yn see wolle of dat se leaver mei-inoar in regear foarmje.

In oare grutte ferskowing wie by de rjochtse, populistyske partijen. De Ciudadanos rekken de measte sitten kwyt, wylst Vox as nije fraksje yn it parlemint kommen is. De Partido Popular, yn Spanje in grutte konservative partij, bliuwt yn Kataloanië in splinterpartij.

De opkomst wie leech by de ferkiezings. Net mear as 54 persint fan ‘e stimberjochtige Katalanen dage op yn it stimburo. Nei alle gedachten hat dat mei de koroanakrisis te krijen.

febrewaris 16, 2021 23:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.