Jûn spannende lâning fan rover Perseverance op Mars
Resint ferskynd
De NASA-rover Perseverance moat jûn om 21.55 oere hinne (Nederlânske tiid) op Mars lânje. De robotwein beskikt ûnder oare oer in boar dêr’t er boaiemmeunsters mei nimme kin, dy’t nei de ierde brocht wurde moatte. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje makket him op foar in spannende lâning yn de krater Jezero.
Gerhard Kruizinga, berne yn Grins, sit yn it kontrôlesintrum yn Pasadena. Hy koe nei syn stúdzje loft- en romtefearttechnyk yn Delft en Teksas by NASA oan it wurk. Hy hat oan ferskate Marsmisjes meiwurke. Diskear is Kruizinga lieder fan it navigaasjetiim dat de rover fan de ierde nei Mars brocht hat.
De rover moat, krekt as syn foargonger Curiosity, oan in fleanende hyskraan dellitten wurde op it oerflak fan Mars.
De lâning is te folgjen fia dizze sosjalemediakanalen:
Twitter: @NASA, @NASAPersevere, @NASAMars
Facebook: NASA, NASAPersevere
Instagram: NASA
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje