Faksinaasje Waadeilannen begjint op It Amelân

febrewaris 12, 2021 12:57

Tiisdei 16 febrewaris begjint de faksinaasje foar koroana op It Amelân. Under lieding fan de húsdokters prippe de meiwurkers elkenien dy’t 75 jier en âlder is en alle soarchmeiwurkers. Dy krije allegearre in brief en kinne fan sneon ôf telefoanysk in ôfspraak regelje.

Woansdei 17 febrewaris binne Flylân en Skiermûntseach oan bar. Omdat dêr net safolle minsken wenje, kinne alle 60-plussers en soarchmeiwurkers yninte wurde. Tongersdei 18 en freed 19 febrewaris giet it op Skylge krekt sa’t it op It Amelân gie.

It faksinearjen fan de eilanners is mooglik troch it mei-inoar gearwurkjen fan gemeenten, húsdokters, ynstellingen, reders, KNRM, ANWB, Kijlstra Ambulancezorg en GGD. It ferfier fan it faksin nei en tusken de eilannen giet mei de ambulânsehelikopter fan de ANWB. Ambulânsen fersoargje it ferfier op de eilannen.

febrewaris 12, 2021 12:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.