ESA siket nije astronauten, froulju tige wolkom
Resint ferskynd
Foar it earst yn alve jier tiid kinne Europeanen har wer oanmelde om astronaut te wurden. Op 31 maart set romtefeartorganisaasje ESA útein mei in nije wervingskampanje. Yn it geunstichste gefal kinne de gadingmakkers meidwaan oan de kommende moannemisjes.
ESA moediget froulju tige oan om har oan te melden, mei’t de romtefeartorganisaasje mear ferskaat wol. Net allinnich op it mêd fan geslacht, âldens of komôf, de organisaasje wol ek sjen oft minsken mei in lichaamlike beheining astronaut wurde kinne.
Op 31 maart jout ESA in parsekonferinsje oer de details fan it plan, lykas in list mei kwalifikaasjes dêr’t in gadingmakker oan foldwaan moat. Oanmelde kin dan oant en mei 28 maaie. Ein takomme jier wurdt dúdlik wa fan de sollisitanten by it tiim fan astronauten komme.
By de wervingsomgong fan 1998 waard bygelyks de Nederlanner André Kuipers oannommen. Hy gie twa kear de romte yn en ferbleau byinoar in goed jier yn it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje