Ekologyske ramp yn Israel

febrewaris 22, 2021 08:39

Israel hat alle strannen oan de Middellânske See foar ûnbepaalde tiid ôfsletten. Op hûnderten kilometers strân binne tonnen tarre oanspield. De autoriteiten neame it fan ien fan de slimste miljeurampen dêr’t it lân mei te krijen hân hat.

Foto: pixabay

In grut oaljelek op in ûnbekend plak op see soe de oarsaak fan de fersmoarging wêze. Woansdei waard de fersmoarging foar it earst opmurken. Dêrnei fûnen miljeuaktivisten tarre op de strannen. Der binne ferskate fûgels en seeskyldpodden fûn dy’t mei de kliemske swarte stof bedutsen binne. In oanspielde deade walfisk is neffens ûndersikers ferstoarn trochdat it bist tarre ynkrige hie.

It ministearje fan Miljeubeskerming seit dat it it meast foar de hân leit dat in tanker oalje kwytrekke is. Israel besiket it skip te finen dat ferantwurdlik is foar de fersmoarging. Tûzenen militêren en frijwilligers holpen snein om de oaljeresten fan de strannen op te romjen. In stikmannich fan harren moast nei it sikehûs ta om’t se fergiftige stoffen ynazeme hiene. It ministearje tinkt dat it miljoenen euro’s kostje sil om alle smoargens op te romjen.

febrewaris 22, 2021 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.