Ein dit jier earste folsleine toeristeflecht fan SpaceX
Resint ferskynd
- Earste ljipaai fan Fryslân fûn by Raard 0
- Marsrover Perseverance rydt earste meters 0
- Caspar Vos opfolger Georges Mutsaerts as direkteur Skiermûntseachfestival 0
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
SpaceX ferfierde ferline jier al as earste kommersjele romtefeartbedriuw astronauten nei it ynternasjonale romtestasjon (ISS). It bedriuw sil no foar it earst fjouwer toeristen yn in baan om de ierde bringe. De lansearring stiet plend foar de ein fan it jier.
Jared Isaacman sil de romtemisje liede. De topman fan betelbedriuw Shift4 Payments sponsoret ek de oare trije stuollen oan board. De misje is ornearre om fûnsen te finen foar in bernesikehûs yn de Amerikaanske stêd Memphis.
Wa’t neist Isaacman yn de kapsule meifleane sille, is noch net bekend. De plakken oan board wurde ferkocht oan minsken dy’t it jild der foar oer hawwe. SpaceX fersoarget in profesjonele flean- en romtetrening foar de astronauten. De earste kommersjele romtereis sil in deimannich duorje. Lansearring en lâning sille yn de Amerikaanske steat Floarida wêze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje