Earste Europeeske oplieding spraaktechnology yn Ljouwert

febrewaris 16, 2021 08:36

Kampus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins set nei de simmer yn Ljouwert útein mei in nije masteroplieding op it mêd fan spraaktechnology. It giet oer de mooglikheden dy’t der binne om apparaten mei de stim oan te stjoeren, mar ek oer it gebrûkmeitsjen fan nije techniken om bygelyks taal werom te kennen of syktebylden yn de stim te ûntdekken.

Foto: Wikipedia/Udo Ockema – CC BY 3.0

De oplieding voice-technology is neffens Kampus Fryslân foar Europa in unyk masterprogramma. Nearne oars is in master folslein op dat ûnderwerp rjochte. Yn de oplieding giet it net allinnich oer besteande technyk, mar ek oer mooglike tapassingen yn de takomst. Dat berjochtet Omrop Fryslân.

Taalûndersykster Jelske Dijkstra fan Kampus Fryslân tinkt dat spraaktechnology ek ynset wurde kin om bedrige talen lykas it Frysk te behâlden, bygelyks troch applikaasjes te ûntwikkeljen dy’t minsken helpe om Frysk te learen. Dijkstra: “Mar it is ek de bedoeling dat it Frysk in plakje kriget op de besteande apparaten sadat it op dy nije platfoarmen ek te brûken is. Dat sille Google, Amazon en al dy oare bedriuwen net sels dwaan, dus dan moat in oar der tiid yn stekke.”

febrewaris 16, 2021 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.