Dútslân en Denemarken prate ôf: regionale identiteit moat fersterke wurde

febrewaris 11, 2021 19:49

Jonge minsken yn Noard-Dútslân en Súd-Denemarken moatte folle mear it gefoel krije dat se byinoar hearre. It ‘mienskiplik kultureel erfskip’ moat foar harren folle sichtberder wude. Net allinne skoallen moatte dêr harres foar dwaan, mar ek biblioteken en museums. Boppedat moatte bern en jongelju fan ‘e beide kanten fan ‘e grins folle faker de grins oerstekke om leeftydsgenoaten tsjin te kommen.

Dat is ien fan de ôfspraken dy’t Dútslân en Denemarken makke hawwe. De twa lannen hawwe dizze wike in nij kultureel ferdrach sletten. Dêr steane ferskate plannen foar kulturele gearwurking yn. Dy moatte útfierd wurde yn de perioade 2021-2024. Der is goed twa en in heal miljoen euro foar beskikber.

Oare plannen binne om artysten te stimulearjen om de grins oer te stekken en gear te wurkjen mei minsken yn it buorlân. Sûnt 2013 binne der al útwikselprojekten fan jonge muzikanten. Boppedat wurkje muzykskoallen oan beide kanten fan ‘e grins mei-inoar gear.

Net allinne de ryksoerheden fan ‘e beide lannen binne behelle by de ôfspraken, mar ek gemeenten en provinsjes yn it grinsgebiet, wêrûnder Noard-Fryslân.

“It kultureel ferdrach moat it gefoel fan in eigen identiteit yn it grinsgebiet fersterkje”, seit Kjeld Thrane fan de kulturele rie Súd-Jutlân-Sleeswyk, in kulturele gearwurkingsorganisaasje yn de grinsstreek.

It stribjen nei in sterkere mienskiplike identiteit fan de Friezen yn Dútslân en Nederlân is op it stuit benammen in taak fan de provinsje Fryslân. Dy jout subsydzje foar sokke kontakten. In kultureel ferdrach tusken Nederlân en Dútslân is der op dat mêd net.

febrewaris 11, 2021 19:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.