Dokkum kriget ek faksinaasjemooglikheid

febrewaris 27, 2021 09:09

Yn de earste helte fan april krije ynwenners fan Dokkum en omkriten de mooglikheid om tichter by honk de prip foar koroana te heljen. De GGD iepenet dan in faksinaasjelokaasje yn de Dokkumer sporthal De Trimmer. It sil it fiifde plak yn Fryslân wurde dêr’t minsken alle dagen terjochte kinne.

De Dokkumer lokaasje wurdt tagonklik makke foar in brede doelgroep, ûnder mear foar de âlderein. Hoefolle minsken der úteinliken yninte wurde kinne, hinget fan it oantal beskikbere faksins ôf en fan de faksinaasjefolchoarder dy’t de Ryksoerheid fêststelt. It útgongspunt is om faksinaasjes leechdrompelich ticht by de ynwenners oan te bieden.

Oant no kin allinne yn it WTC yn Ljouwert yninte wurde foar koroana. Op 1 maart wurdt de twadde lokaasje iepene yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten. In wike letter in tredde yn Snits (Akkerwinde 1) en begjin april is It Hearrenfean oan bar. De GGD wol ek noch plak sykje yn Frjentsjer, Koudum en Easterwâlde.

De útwreiding nedich om alle groepen dêr’t de GGD ferantwurdlik foar is yn de eigen omkrite ynintsje te kinnen: de mobile 60-plussers, de groep fan 18 oant 60 jier en in part fan it soarchpersoniel.

febrewaris 27, 2021 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.