DIT SIT
Resint ferskynd
Fan ’e moarn de earste koroanaprip helle yn Ljouwert. Eins net de muoite wurdich om melding fan te meitsjen.
Oer de koroanamaatregels en it faksinaasjebelied binne al in protte negative dingen sein en dêr wol ik my nei fan ’e moarn no ris net by oanslute. In posityf lûd mei miskien ek wolris heard wurde.
Alles wie perfekt regele.
Eins gjin autoriders mear, lieten de frou en ik ús mei Valys ferfiere – wie foar dizze gelegenheid fergees. De taksy wie kreas op ’e tiid en de sjauffeur, in smoute prater, sette ús foar de doar fan it WTC ôf. Wy wiene wat te betiid, mar dat makke net út. Wy koene gewoan oanslute.
Oeral stiene minsken klear om ús paadwiis te meitsjen. In dokter seach sekuer nei de sûnensferklearring en stjoerde ús dêrnei troch.
Der stiene by de priplokaasje stuollen klear. We sieten lykwols noch mar krekt, of wy waarden al roppen.
De prip sels stelde neat foar. In kertierke ‘bykomme’ yn de wachtromte en we stapten wer yn ’e taksy.
De prip sit en fan de organisaasje fan de GGD kinne we allinne mar sizze: DY STIE – as in hûs!
Inger Wets
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje