Diskriminaasje fan net-Frysktaligen bestiet net (oanpast)

febrewaris 28, 2021 22:36

As minsken dy’t it Frysk net machtich binne, net yn ‘e beneaming komme foar in baan of in funksje, dan is dat gjin diskriminaasje. Op in beskate wize besjoen is dat logysk: ommers, in taal kin men leare. It is lykwols ek de wet. De oerheid is ferplichte om Friezen foarrang te jaan as se op in janpoepsplak sitte en dat mei gjin diskriminaasje hjitte.

Sa stiet it yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden, dat foar Nederlân oer ien minderheid giet. Dat binne de Friezen. Yn kêst 4 lid 2 en 3 fan it ferdrach stiet nammentlik:

2. De partijen ûnthjitte dat hja, as dat nedich is, war dogge om de gelikensens te befoarderjen fan minsken dy’t ta in nasjonale minderheid [=Friezen] hearre en minsken dy’t ta de mearderheid hearre, op alle mêden fan it ekonomyske, maatskiplike, politike en kulturele libben. Dêrby hâlde se rekken mei de typyske omstannichheden fan de minsken dy’t ta in nasjonale minderheid hearre.

3. De maatregels dy’t op basis fan lid 2 nommen wurde, wurde net as in diskriminearjende hanneling beskôge.

fragmint út Discriminatiecijfers 2019

It is dêrom wat nuver dat yn in lanlik rapport fan in ministearje fan Ynlânske Saken en de Plysje, Discriminatiecijfers 2019, in diskriminaasjegefal opfierd wurdt fan in man dy’t ferskate klachten hat. Guon binne wier diskriminaasjegefallen, mar it “Telkens wordt hij afgewezen omdat hij geen Fries spreekt” mei hielendal gjin diskriminaasje hjitte.

Yn it ferline gie it noch fierder. Yn it jierferslach fan 2010 skriuwt Tûmba: “Discriminatie op grond van de Friese taal valt niet onder de antidiscriminatiewetgeving”. Kêst 4 lid 1 fan it Ramtferdrach seit lykwols:

    1. De partijen ûnthjitte dat hja derfoar soargje dat minsken dy’t ta in nasjonale minderheid hearre [= Friezen] foar de wet gelyk binne en dat de wet harren op likense wize beskermet. Wat dat oangiet is diskriminaasje op grûn fan it hearren ta in nasjonale minderheid ferbean.

Fragmint út it jierferslach fan Tûmba fan 2010

Tagelyk stelt Tûmba yn dat âlde jierferslach dat net-Frysktaligen “zich belemmerd [kunnen] voelen” as fan harren aktive of passive behearsking fan it Frysk frege wurdt om foar in funksje yn ‘e beneaming te kommen. Dat is lykwols gjin diskriminaasje, want yn 2010 hie Nederlân it Ramtferdrach ek al goedkard.

It Feriene Keninkryk is krekt lykas Nederlân in partij yn it Ramtferdrach. De Ingelskman yn Wales, dy’t hjoed yn it nijs kaam omdat er it Welske taalbelied diskriminearjend neamde, hie dus ek op juridyske basis ûngelyk.

febrewaris 28, 2021 22:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp maart 3, 12:41

    Foar gâns banen is Ingelsk wol in eask. Dat is dochs ek gjin diskriminaasje? Wêrom soe de eask fan behearsking fan it Frysk dan wol diskriminaasje wêze?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.