De waan fan it eigen gelyk

febrewaris 28, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Sommige politisy en religieuze lieders slane harsels grutsk op it boarst as se wer ris ideologysk of libbensbeskôglik goed skoard hawwe. Yn de oertsjûging dat de wierheid allinne oan harren kant stiet, strielje se fakenfolle in geweldigen profilearringsdriuw út. Ferbale krêft jout macht. Eigen gewin moat triomfearje. Dwepers, demagogen, ekstremisten of fûnemintalisten wurde se wol neamd. Fêsthâldend geane se út fan oertsjûgingskrêft, de dialooch sykje se net. Dêr leit de kym yn om byneed mei geweld oare mieningen oan ’e kant te reagjen.

Mar in boartsjend minske (homo ludens), dy’t mei bernlike ûnbefongenens kreatyf nei mooglikheden siket om gear te wurkjen, jout in wei nei frede en feilichheid. Wa’t nei de stilte harket en wierheden relativearret kreëarret romte yn it tinken en dat makket it neier byinoar kommen mooglik. Oertsjûgingskrêft en profilearringdriuw ferwaaie. De sindingsdriuw wurdt dan ferline tiid.

Sindingsdriuw

fan ferbaal
geweld
faak net
bewust
falt op

dat in protte
wurden
net mear
binne
as
yn trance
bringe
fan
eigen ik

in goedkeap
klearkommen
mei jinsels

wylst
it ferburgene
yn de passy
skûlet

yn de stilte
fan
de binnenkeamer

yn it rûzeljen
fan de wyn

yn it boartsjen
fan in bern

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

febrewaris 28, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.