De Provinsje en simmerskoallen Frysk

febrewaris 9, 2021 22:11

De Ried fan de Fryske Beweging hat ferline jier it idee fan simmerskoallen Frysk bepraat. Dúdlik waard doe dat de Ried wolle soe dat yn alle haadplakken fan de Fryske gemeenten simmerskoallen Frysk holden wurde. Dat idee is doe yn in brief oan deputearre Sietske Poepjes foarlein. Op tongersdei 4 febrewaris hat de Ried dêr yn in digitaal oerlis mei de deputearre oer praat.

Simmerskoallen ha as doel om op boartlike wize efterstannen fuort te wurkjen. It giet dan om efterstannen op it mêd fan rekkenjen en taal. Hoewol’t de Provinsje yn gearwurking mei it ûnderwiis alle war docht om it Frysk in goed plak op skoalle te jaan, moat wol betocht wurde dat it oan 2030 ta duorret foar’t soks goed regele is. Oan dy tiid ta hat trije kwart fan de basisskoallebern net echt de gelegenheid om it Frysk goed te learen. Dat late yn de Ried ta de konklúzje dat simmerskoallen net allinne omtinken ha moatte foar rekkenjen en taal, mar ek foar it Frysk. De ôfskoatteling fan skoallen yn it ramt fan koroana hat dat allinne noch mar urginter makke. It soe tagelyk positive effekten yn de opmaat nei 2030 ta ha kinne.

Yn it oerlis waard dúdlik dat de deputearre in protte wurdearring hat foar dit ‘out of the box’ tinken. It idee binne Provinsje en Ried it oer iens. Utfiering en finânsjes sille lykwols in protte omtinken fergje. De deputearre sei ta yn petear te gean mei dy gemeenten/plakken (Ljouwert, Snits, Frjentsjer) dy’t ûnderfining mei simmerskoallen ha om te sjen wat op dat mêd mooglik is. Poepjes wol dit ûnderwerp ek beprate mei wethâlders en oare ferantwurdliken yn de gemeenten dy’t dêrfoar yn de beneaming komme.

De Ried is op dit stuit tefreden mei dy tasizzingen. In nij oerlis dat benammen oer it kurrikulum gean sil, kin ek brûkt wurde om nei de pols te fielen.

febrewaris 9, 2021 22:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.