De oerfal op de Blokhúspoarte yn ‘Hier is het gebeurd’

febrewaris 11, 2021 08:53 Fernijd

It wie ien fan de nuodlikste befrijingsaksjes út de besettingstiid: de oerfal op de Blokhúspoarte yn Ljouwert op 8 desimber 1944. 51 finzenen fan de SD waarden út harren sel helle, sûnder dat der in skot lost waard. ‘De pearel oan de kroan fan it Nederlânske ferset’ wurdt it barren neamd yn in nij boek mei plakken fan oantinkens út de Twadde Wrâldoarloch. Hier is het gebeurd is gearstald troch lânskipsfotograaf Rolf Baas en sjoernalist/skriuwer Ad van Liempt en is ferskynd by útjouwerij Wbooks.

Ofbylding: Rolf Baas/Wbooks

Fyftich plakken, dêr’t yn de Twadde Wrâldoarloch wat bysûnders bard is, binne sammele, fotografearre en beskreaun yn it boek. Bekende plakken fan oantinkens, lykas de konsintraasjekampen en de bombardearre binnenstêden, mar ek minder bekende plakken. Tink oan de skoaltsjes yn Rijsoord dêr’t yn 1940 de Nederlânske kapitulaasje wie en Achterveld dêr’t ein aprl 1945 ûnderhannele waard oer it falle litten fan itenspakketten.

Podcast
Nei oanlieding fan it boek is in podcastsearje makke, dêr’t in soad plakken yn oan ’e oarder komme dy’t yn Hier is het gebeurd behannele wurde. De searje bestiet út fiif ôfleveringen, presintearre troch radiomakker Margriet Vroomans. Foar minsken dy’t de beskreaune plakken graach sels besytsje, binne de koördinaten opnommen, sadat se maklik te finen binne. De podcasts binne te beharkjen fia de webside fan Wbooks en de bekende platfoarmen.

Hier is het gebeurd | 50 plekken uit de bezettingstijd om bij stil te staan
Rolf Baas en Ad van Liempt | € 24,95 | ISBN 978 94 625 8422 8 | 168 pagina’s | 19 x 25,5 sm. | 75 ôfbyldings yn kleur en swart-wyt | bûn.

Te keap yn ’e boekhannel en de webshop fan Wbooks.

febrewaris 11, 2021 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.