De Friesche IJsbond sakket troch it iis

febrewaris 18, 2021 09:42

Skôging troch Nanne Hoekstra

De Friesche IJsbond liet earjuster yn in nijsberjocht op syn side witte o sa bliid en grutsk te wêzen om’t minsken ferline wike sa omraak op natueriis ride koene. Watsei? Mar it bûn ha wy yn de media dochs oars net as bearen heard dat we perfoarst it iis net op mochten om’t it beslist net fertroud wêze soe? Gelokkich mar dat heal Nederlân him dêr neat fan oanluts en gewoan de izers ûnderbûn. It iis wie ommers folle better as yn de sân meagere jierren, mei amper wier winterwaar, dy’t efter ús lizze. Sa’n kâns mei men yn dizze troch klimaatferoaring tamtearre wrâld net fersitte.

Of hie ik dan kommunikaasjes fan it bûn mist? Tocht ik noch. Mar nee, op de bûnsside stean ek allinnich mar gjalpen lykas (ik set se mar efkes oer want it yngreven Fryske bûn mei de argayske namme kommunisearret yn it Hooghaarlemmerdijks): ‘Reedriden noch net mooglik’, ‘Fryske iismaster warskôget foar snie-iis’, ‘Wês foarsichtich!’, ‘Tink derom, it wurdt teiwaar’ en ‘Ryd net mear op de Fryske marren’. Fan iismaster Sytse Kroes en syn bûnsmaten mochten we dus net op it iis komme en moasten we, as we der al op stiene, der sa gau mooglik wer ôf. En ynienen binne hja bliid en grutsk om de iiswille dy’t wy, nettsjinsteande harren tsjinakseljen, hân ha!

Op wa is it iisbûn dan krekt sa grutsk? Op de Provinsje, lês ik, om’t dy al ringen in farferbod ôfkundige en op it Wetterskip om’t dat de gemalen redsum útsette. No, dêr kin ik it wol mei lykfine, dat hat wolris oars west yn eardere jierren en ik tink yndied dat soks fertuten dien hat foar de iisflier. En it bûn is grutsk op de frijwilligers fan de oansletten iiswegesintrales, dy’t wakker sniefage hawwe. Bêst genôch. Mar, sa moat ik begripe, dat wie allinnich mar om de iisoanwaaks te befoarderjen. Krekt salang oant it teiwaar waard. Yntusken binne gjin fierdere maatregels nommen om de reedriders te geriven, want dat soe in ferkeard sinjaal ôfjaan. Dus der waarden bygelyks gjin gefaarlike plakken ôffrede. Sadwaande rûnen de reedriders just mear risiko!

Om’t De Friesche IJsbond alle iis ûnbetrouber fûn, waarden der gjin linten spand op sokke gefaarlike plakken en rûnen de riders just mear risiko. (eigen foto)

Minsken, minsken, we hawwe it hjirre dochs net oer de Alvestêdetocht? En net iens oer likefolle hokfoar toertocht. It iis wie werklik wier wol tsjok genôch foar dy grutte kloften dy’t de koroana-ellinde efkes ferjitte woene, want dy ferspraten harren wol. Yndied wiene der minne plakken, mar dy binne der sels yn Alvestêdewinters likegoed noch. En fansels wiene der ûngemakken, om’t der rûnom kwalsteriis lei, mar oer deaden haw ik neat heard.

Sa’n iisbûn moat dochs de minsken fasilitearje dy’t it iis opgeane yn stee fan mar trochgean mei te besykjen harren dêr út alle macht fan ôf te hâlden? De minsken geane dochs wol en gelyk ha se, want neffens it KNMI is de kâns op in winterwike mei safolle kjeld troch de klimaatferoaring sakke fan ien kear yn de twa of trije jier nei ienris yn de seis jier! Dus, as soks him foardocht moat men jins trekken waarnimme. En net harkje nei de turfhelden fan it iisbûn. Want it wie no acht jier lyn dat der bûtenút op de wat gruttere wetters riden wurden koe en it kin samar wer salang duorje.

“Onze ijskaart kleurde helaas in deze periode niet groen, daarvoor was het ijs niet dik genoeg“, skriuwt it iisbûn (ik ha langer gjin nocht mear om dat ôfwaaide praat noch oer te setten). “Met name onder de bruggen en in de pas dicht gevroren wakken.” Wat in âldwivepraat, dat is ommers omtrint altyd sa. “Maar de afgelopen periode heeft wel laten zien dat we er klaar voor zijn. Nu afwachten wat de komende winter ons brengt.” Dream mar lekker fierder, bûnslju. Dat doch ik likegoed wol. Mar as jimme skielk noch fan betsjutting wêze wolle, sille jim it roer wol omgoaie moatte.

febrewaris 18, 2021 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.